Montanus de Haan Hettema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw's
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jhr. Montanus de Haan Hettema jurist te Ljouwert.jpg|thumb|''Jhr. Montanus de Haan Hettema'']]
'''Montanus (de Haan) Hettema''' ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[28 jannewaris]] [[1796]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[18 desimber]] [[1873]]) wie fan berop [[jurist]] en hâlde him dwaande mei de stavering, foarm en lûdlear fan it [[Aldfrysk]] dêr't er in protte publikaasjes oan wije lykas oer de Frysk skiednis en [[genealogy]].
== Biografy ==
Montse Hettema waard grut te Boalsert as soan fan de winkelman Hans Hettema, katolyk en patriot, en Jantje Gerbens fan Albada.
Hettema folge de rjochtestúdzje yn Grins en promovearre op 7 juny 1817. Gebrûk meitsjend fan bestjoerlike herfoarmingen slagge it de ambisjeuze Hettema, op frauduleuze wize, om de Grinzer akademy as [[jonker]] te ferlitten en yn 1815 talitten te wurden ta it Ridderskip fan Fryslân. De [[Hege RieRied fan Adel]] woe lykwols neat witte fan Hettema syn oanfraach om baron wurde te wurdenkinnen. Hy boaske yn 1818 mei Eufemia Smit (1795-1858), dochter fan in Grinzer logeminthâlder en doe al mem fan in famke. Der soenen noch sechstjin bern folgje.
 
Hy wie advokaat yn Ljouwert, lid fan [[Provinsjale Steaten]] (1819-1829). It slagge him net om dêrnei noch yn de Steaten ferkeazen te wurden. Yn 1838 waard er rjochter by de [[arrondissemintsrjochtbank]]. Yn 1838 waard hy as bern oannaam troch frou De Haan, waans namme er taheakke oan syn fan, Hettema.
 
Doe't syn politike karriêre heakjen bleau, bemuoide er him mei Fryske taal- en rjochtsskiednis dêr't er ûnder ynfloed stie fan [[Bruorren Grimm|Jacob Grimm]] en [[Rasmus Rask|Rask]] en bestudearre de [[Franciscus Junius|Juniana]] yn [[Oxford]]. Foar it Frysk gie syn foarkar foar de stavering út nei it argayske [[Midfrysk]] fan [[Gysbert Japicx]]. Bygelyks [[Joast Hiddes Halbertsma]] wie syn opponint op ditdat mêd. Hettema's opfettings fûnen wol wjerklank yn de rûnten fan it tydkrift [[Iduna (tydskrift)|Iduna]], mei fan gefolgen dat de Halbertsma- en de Iduna-stavering mekoar in skoft bekonkurearren.
 
Yn de omgong mei minsken wie Hettema net maklik en ek syn wurk op it mêd fan taal en skiednis wie omstriden.