Alawiten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
fw
Rigel 1:
{{stobbe}}
 
De '''alawiten''' of '''alaviten''' ([[Arabysk]]: alawiten/علوي) (earder ek '''noesairys''' of [[Turksk]]: ''Fellah'' neamd) foarmje in mienskip fan leauwigen dy't ûntstean is út in ôfsplitsing fan de [[Sjyiten|sjyityske]] [[islam]]. Alawiten wenje yn [[Syrje|Noardwest-Syrje]], [[Turkije]] ([[Hatay (provinsje)|Hatay]]) en [[Libanon]]. It [[alawisme]] is in streaming binnen de [[islam]] dy't yn de 10e ieu stiften waard troch Hosain ibn Hamdan Chasibi († 957 of 968 te [[Aleppo]]). Etnysk sjoen binne alawiten benammen [[Arabieren]]. De alawiten leauwen dat de sjyityske [[imam]]s godlik binne en út en troch op ierde ferskine om leauwigers te ferlossen. Oars as [[alevieten|alevityske]] [[cem]]evi yn [[Turkije]] hat it alawityske leauwen gjin eigen [[moskee|gebedshuzen]].
 
Alawiten hawwe as minderheid ieuwenlang ferfolge west troch de soennityske mearderheid; harren maatskiplike [[emansipaasje]] yn Syrje sette útein ûnder it [[Frankryk|Frânske]] Mandaat fan Syrje (1920-1946) mar berikte benammen troch de opkomst fan de non-sektaryske [[Ba'ath-partij (Syrisch-geleide factie)|Ba'ath-partij]]yin Syrië en de [[staatsgreep]] troch de offisier en letter presidint presidint [[Hafez al-Assad]] yn [[1970]] in folweardich plak. Polityk-sosjaal sjoen binne de alawiten tsjintwurdich meastentiids sekulier en modernisearre, fral ûnder de jeugd hâld men der faak in liberale libbenshâlding op nei.