Hannelingen fan Pilatus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2:
 
===Datearring en gearstalling===
De tsjerkehistoarikus [[Eusebius fan Sesaréa]], skriuwend yn [[325]], hie gjin weet fan dizze ''Hannelingen fan Pilatus'', al neamd er al de ''Brieven fan Pilatus'', dêr't ek [[Tertullianus]] nei ferwiisd, en in anty-kristlik wurk dat ek de ''Hannelingen fan Pilatus'' neamd waard, mar dat dit dúdlik net is. [[Epifanius fan Salamis|Epifanius]] koe dizze ''Hannelingen fan Pilatus'' yn [[376]] àl, dat de tekst wurdt yn 'e regel yn 'e midden fan 'e [[fjirde ieu]] datearre, al moat dêrby oantekene wurde dat de oerlevere [[Gryksk]]talige manuskripten bewizen fan lettere redigearring fertoane. De ''Hannelingen fan Pilatus'' lykje gearstald te wêzen út ûnderskate parten, dy't ûngelikens yn taaleigen en hânskrift binne. De âldste dielen binne skreaun yn it Gryksk, wylst lettere tafoegings inkeld yn it [[Latyn]] oerlevere binne. De hiele tekst foarmet boppedat teffens in ûnderdiel fan 'e Grykske ''[[Hannelingen fan Petrus en Paulus]]'', en binne ek taheakke oan it [[Midsieuwen|Midsieuske]] Latynske ''[[Evangeelje fan Nikodémus]]'', hoewol't de ûnderskate geskriften eins neat mei-inoar út te stean hawwe.
 
===Ynhâld===