Master fan Alle Ringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 87 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q15228
Varlaam (oerlis | bydragen)
→‎Ferfilming: Le Monde's 100 boeken fan de ieu
Rigel 140:
==Ferfilming==
Troch de jierren hinne is ''The Lord of the Rings'' adaptearre foar withoefolle oare media, mei dêrûnder [[radio]], [[toaniel]] en [[animaasje]], mar fierwei de bekendste en ek de op kommersjeel mêd súksesfolste adaptaasje is sûnder mis de ferfilming ta in [[spylfilm]]trilogy (de [[The Lord of the Rings-filmtrilogy|''The Lord of the Rings''-filmtrilogy]]) troch [[regisseur]] [[Peter Jackson]], dy't útkaam yn trije opienfolgjende jierren yn [[2001]] (''[[The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring]]''), [[2002]] (''[[The Lord of the Rings: The Two Towers]]'') en [[2003]] (''[[The Lord of the Rings: The Return of the King]]''). Alle trije dielen fan dizze produksje fan ''[[New Line Cinema]]'' waarden troch frijwol eltsenien tajûche, en elts waard nominearre foar en wûn ferskate [[Oscar]]s. It trêde diel wie de twadde film ea dy't mear as in miljard dollar opbrocht en wûn yn totaal alve Oscars (dy foar bêste film en bêste regisseur ynbegrepen), dêr't er de klassikers ''[[Ben Hur (film út 1959)|Ben Hur]]'' en ''[[Titanic (film út 1997)|Titanic]]'' mei belike. Behalven dat er in kommersjeel súkses wie, slagge it de filmtrilogy ek om in foege kliber net-lêzers, dy't it boek net berikke kinnen hie, foar it earst mei ''The Lord of the Rings'' yn 'e kunde komme te litten. En dêrnjonken foarme it in ynspiraasjeboarne, bgl. foar Liuwe Westra, dy't yn syn foarwurd by ''It Selskip fan de Ring'' stelt dat er him oantrune fielde om mei syn Fryske fertaling fan 'e trilogy útein te setten nei't er ''The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring'' yn 'e bioskoop sjoen hie.
 
==Sjoch ek==
*[[Le Monde's 100 boeken fan de ieu]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=