Himelfeart fan Jesaja: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
tf
Rigel 2:
 
===Oerlevering===
De ''Himelfeart fan Jesaja'' is yn syn gehiel oerlevere yn trije hânskriften út 'e perioade fan 'e [[fyftjinde ieu|fyftjinde]] oant de [[achttjinde ieu]] yn it [[Ge'ez]], de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]. Fan [[Gryksk]]e, [[Koptysk]]e, [[Latyn]]ske en [[Aldtsjerkeslavysk]]e ferzjes binne inkeld fragminten bewarre bleaun. De tekst falt útinoar yn trije dielen: it ''Martelderskip fan Jesaja'', it ''Testamint fan Hizkía'' en it ''Fizioen fan Jesaja''. Yn 'e regel giet men derfan út dat alletrije oarspronklik yn it Gryksk skreaun wiene, hoewol't it mooglik is dat it ''Martelderskip fan Jesaja'' basearre is op in [[Hebrieusk]]- of [[Arameesk]]talich orizjineel. De tsjintwurdich algemien brûkte titel de "Himelfeart fan Jesaja" is in letterlike oersetting fan 'e namme wêrmei't yn 'e Etiopyske tradysje nei de tekst ferwiisd wurdt: ኤርጋታ ዒሳዬያስ, ''’Ērgātā ‘Īsāyēyās''. Yn 'e [[Aldheid]] neamden [[Epifanius fan Salamis|Epifanius]] en [[HiernonymusHieronymus fan Stridon|Hieronymus]] it yn it Gryksk (Τὸ Αναβατικὸν Ἡσαΐου, ''To Anabatikon Isaiou''), resp. Latyn (''Ascensio Isaiæ'') krekt sa.
 
===Ynhâld===