Shakespeare in Love: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 15:
| prizen = 7 ''[[Oskar]]s'',<br> 3 ''[[BAFTA|BAFTA's]]'',<br> 3 ''[[Golden Globe]]s''
}}
'''''Shakespeare in Love''''' is in [[Grut-Brittanje|Britsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] romantyske [[tragikomeedzje|tragikomyske]] [[film]] út [[1998]] ûnder rezjy fan [[John Madden]], en mei yn 'e haadrollen [[Joseph Fiennes]] en [[Gwyneth Paltrow]]. It ferhaal, dat skreaun waard troch [[Marc Norman]] en [[Tom Stoppard]], giet oer de [[Elizabetaanske Tiid|elizabetaanske]] [[toanielskriuwer]] [[William Shakespeare]], dy't behelle rekket yn in ferbeane leafdesaffêre wylst er syn [[trageedzje]] ''[[Romeo en Julia]]'' oan it skriuwen is. De foarfallen út 'e film binne folslein fiktyf, al binne de rollen fan Shakespeare sels en ferskate oare personaazjes basearre op histoaryske figueren. Dêropta ferwize in protte rollen, teksten en ûntwikkelings yn 'e plot nei Shakepeare syn toanielstikken. ''Shakespeare in Love'', dat oerset wurde kinne soe as "Shakespeare Fereale", wûn in grut tal prizen, wêrûnder trije ''[[BAFTA|BAFTA's]]'' (de wichtichste Britske filmpriis) en sân ''[[Oskar]]s'', û.o. foar bêste film, bêste aktrise (Gwyneth Paltrow) en bêste byrol fan in aktrise ([[Judi Dench]]).
 
==Plot==