François Haverschmidt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red.
Rigel 2:
 
[[Ofbyld:Leeuwarden Piet Paaltjens.jpg|thumb|right|Boarstbyld fan François Haverschmidt yn Ljouwert ([[Jentsje Popma]])]]
'''François Haverschmidt''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[14 febrewaris]] [[1835]] – [[Skiedaam]], [[19 jannewaris]] [[1894]]) wie in [[dichter]] en [[dûmny]]. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme ''Piet Paaltjens''.
 
== Famylje ==
François Haverschmidt waard yn 1835 berne op de [[Foarstreek]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] as tredde soan en sechde bern fan sân bern fan de apteker/wynhanneler [[Nicolaas Theodorus Haverschmidt]]. Hy hie op dat stuit lykwols mar ien broer; syn âlden hienen in eardere soan François, berne [[24 maaie]] [[1829]], tweintich dagen nei de berte ferlern.
 
De famyljenamme wie troch François syn pake, [[Johannes Harmanus]], gearstald út de nammen ''Haver'' en ''Schmidt'', wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as ''HaverSchmidt''. De namme waard lykwols troch de [[boargerlike stân]] mei lytse 's' skreaun.
 
== Stúdzje ==
François syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn [[Damwâld]] te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie. François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de [[Latynske Skoalleskoalle]] kaam der by Haverschmidt, wat no [[depressiviteit]] hjit, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de [[Universiteit Leien|teologyske fakulteit]] yn [[Leien]]. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.
 
== Foudgum ==
Nei syn ôfstudearjen besleat Haverschmidt om dochs mar dûmny te wurden. Hy koe net maklik in plak krije, oant [[Foudgum]] frij kaam. Yn [[1859]] die er dêr syn yntree. Syn traktemint wie 700 gûne sadat hyer net oan trouwen hoegde te tinken.
 
De ferhâlding mei de nije gemeente wie net bêst. Haverschmidt liet blike dat er frijsinnich wie en de gemeente wie otterdoks. Boppedat koe hy him net ynlibje yn de opfettings fan syn gemeente. Hy hat wol besocht om brêgen te slaan, mar dat is him net slagge.
Rigel 27:
 
==Bibliografy==
It meastpart fan it wurk fan Haverschmidt ferskynde oarspronklik yn blêden of bleau yn hânskrifthânskriften, allinnich brûkt yn foardrachten. In dizzeDy list steanhat de boeken, dêr't yn de rin fan tiid in part fan de teksten yn ferskynden, wêrfan't mar in lyts part yn syn libbensdagen:
* 1863 - Sinterklaasvertelling, of, Hoe het afliep met drie zoontjes wier moeders iets voor hen kochten tot Sint Nicolaas (''[[Sinteklaas]]teltsje, of, Hoe it ôfrûn mei trije soantsjes fan wa de memmen harren wat koften ta Sint Niklaas'')
* 1867 - Snikken en Grimlachjes (''Snikken en grimpkjes'')
Rigel 52:
** Wat buigt gij u neder, o mijne ziele, en wat zijt gij onrustig in mij? (''Wat bûgje jo jo del, o myn siele, en wat binne jo ûnrestich yn my?'')
* 1992 - Op dit nationale en huislijk feest ... (''Op dit nasjonale en húsk feest'')
* 1993 - Verzamelde gedichten in handschrift (''Sammele fersen yn hânskrift'', gearstald [[troch [[Hans van der Sloot]])
* 1994
** Winteravondvertellingen (''Winterjûnfertellings'')