Ligueryske See: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 11 sep 2013 om 15.25

Ligueryske See
Lokaasje besuden de Italjaanske regio Liguerje en benoarden Korsika
See Middellânske See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) 2850 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte
Oer

De Ligueryske See is de rânesee fan 'e Middellânske See súdlik fan 'e Noarditaljaanske regio Liguerje, it foarstedom Monako en it eastlikste part fan 'e Frânske Côte d'Azur, noardlik fan it ta Frankryk hearrende eilân Korsika, en noardwestlik fan 'e Italjaanske regio Toskane. Yn it súdeasten giet de Ligueryske See by de Toskaanske Arsjipel oer yn 'e Tyrreenske See. De wichtichste havenstêd oan 'e Ligueryske See is Genua, folge troch Livorno en La Spezia. De noardwestlike kust stiet bekend om syn skientme en noflik klimaat. It noardlikste part fan 'e see wurdt foarme troch de Golf fan Genua. Yn it easten mûnje de rivier de Arno en withoefolle mindere Apenynske streamen yn 'e Ligueryske See út. Noardwestlik fan Korsika leit it djipste punt, dêr't de seeboaiem likernôch 2.850 m ûnder it oerflak leit.

Om 'e walfisken en dolfinen te beskermjen (brúnfisken komme yn 'e Ligueryske See net foar) hawwe Itaalje, Frankryk en Monako de see yn 1999 útroppen ta in beskerme gebiet. It Ynternasjonale Walfiskreservaat fan de Ligueryske See beslacht 84.000 km², en bestiet út sawol nasjonale territoriale wetters as iepen see.

Gallery