Egeyske See: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 90 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q34575
L oanf
Rigel 17:
|}
 
De '''Egeyske See''' is de namme fan in part fan de [[Middellânske See]], it is it part dat tusken [[Grikelân]] en [[Turkije]] leit. Der lizze in soad eilannen yn de Egeyske See. Fierwei de measte eilannen hearre by Grikelân, mar der binne guon ek fan Turkije. Yn it noardeasten foarmje de Turkske [[Dardanellen]] de grins, yn it noardwesten is dat it Grykske skiereilân [[Kalkidike]], yn it westen de Grykske eilân Euboea en it fêste lân fan Grikelân, yn it easten it Turkske fêstelân en yn it suden de Grykske eilân [[Kreta]].
 
It súdlike part fan 'e Egeyske See hjit de [[Kretinzyske See]], it súdeastlike part is de [[Ikaryske See]], it súdwestlike part is de [[Myrtoaanske See]], en it aldernoardlikste part hjit de [[Trasyske See]].
 
De eilannen yn de Egeyske See binne tige populêr by minsken dy’t foar harren wille fan eilân nei eilân reizgje. Faak steane by de haven fan in eilân minsken te wachtsjen op de fearboaten, om de toeristen keamers oan de biidzjen foar in oernachting.
 
Fierders wurdt der ek fartfearn tusken de Grykske eilannen en it Grykske en Turkske fêstelân.
 
== Etymology ==