Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan Drachten}}
Drachten is ûntstien beëastenoan 'e east side fan it rivierke 'De Drait'. Om it jier 1200 hinne waard der in lytse stiennen tsjerke set (op it plak fan de hjoeddeiske [[PKN]]-tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke is sa'n 200 jier brûkt, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreau. Dêr ûnstienen [[Noarder Drachten]] en [[Suder Drachten]].
 
Om [[1550]] hinne wie de Hollânske feanreserve op. [[Turf]] wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikulieren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de [[17e ieu]] wie lykwols grutter dan't Fryslân leverje koe.