Perikles, Prins fan Tyrus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L The file Image:Shakespeare_Theatre_Company's_production_of_Pericles.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:Fastily: ''No license since 6 September 2013: you may re-upload, but please include a [[commons:COM:CT|license ta...
Rigel 9:
Hy keart werom nei Tyrus, dêr't er syn freon en fertrouling Helicanus fertelt oer wat der bard is. Helicanus riedt him om út Tyrus wei te gean, mei't Antiochus syn hiermoardners him grif hjirhinne folgje sille. Dat Perikles beneamd Helicanus ta regint oer Tyrus en set sels wer ôf. Hy reizget oersee nei [[Tarsus]] ta, dêr't in [[hongersneed]] blykt te hearskjen. Perikles betinkt him gjin momint, mar jout daliks de itensfoarrieden dy't er by him hat oan Cleon, de gûverneur fan 'e stêd. Dêrmei wurdt de need ferlichte, en nei't er wiidweidich betanke is troch Cleon en dy syn frou Dionyza, reizget Perikles fierder.
 
 
[[File:Shakespeare Theatre Company's production of Pericles.jpg|thumb|left|250px|In sêne út 'e opfiering fan ''Perikles'' troch de ''Shakespeare Theatre Company'', yn [[2007]], ûnder rezjy fan Mary Zimmerman, mei Richard Pelzman as Simonides, Colleen Delany as Thaisa en Ryan Artzberger as Perikles.]]
Yn in stoarm lijt Perikles skipbrek, en hy spielt oan op 'e kust fan 'e Pentapolis ([[Syrenaika]]). Dêr wurdt er rêden troch in espel earme fiskerslju, dy't him fertelle dat Simonides, de kening fan 'e Pentapolis, de oare deis in [[toernoai]] hâlde sil, oan 'e winner wêrfan't er syn dochter Thaisa ta frou jaan sil. Aldergeloks wurdt krekt op dat stuit Perikles syn wapenris op it strân weromfûn, dat de prins beslút om oan it toernoai mei te dwaan. Hoewol't syn [[harnas]] wat roastich is, wint er it fan 'e oare dielnimmers en hat er sadwaande it rjocht om mei de kreaze Thaisa te trouwen, dy't daliks fereale op him wurdt. Simonides is earst wat twifelich oer syn oansteande skoansoan, mar Perikles wit him foar him yn te nimmen, en al rillegau fynt it houlik plak.