Slach by Sondel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
 
== Eftergrûn en slach==
Nettsjinsteande de [[Soen fan Grins]] ûntsteane nei de [[Grutte Fryske Oarloch]] wer nije feten tusken Skieringers en Fetkeapers. Neffens de kronykskriuwer [[Worp fan Thabor]] wurdt yn [[1424]] de stins fan it Fetkeaperske laach Eerckema yn de brân stutsen as gefolch fan in fete tusken de haadlingefamyljes Bonnema en Eerckema. Der falle deaden by en fjouwer jierren letter hat it skeel him útwreide nei Gaasterlân dêr't ek de famylje Mennema by belutsen rekke.
 
De famylje Mennema krijt spul mei de pastoar fan [[Wikel (Gaasterlân-Sleat)|Wikel]] dy't deaslein wurdt. De soan fan de pastoar bringt in hierlingeleger op 'en bien en nimt wraak. Yn 1429 wurdt Wybe Mennema deade, wêrnei't de Mennema's help sykje by û.o. de Skieringer Bonnema's.