Vidéo Marc Dorcel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 16 sep 2013 om 16.47

Vidéo Marc Dorcel is in Frânske pornografyske filmstudio, dy't fêstige is yn Parys. De studio waard yn 1980 oprjochte troch de Frânsk-Joadske pornoregisseur en -produsint Marc Dorcel (echte namme: Marcel Herskovitz; berne 1938). Vidéo Marc Dorcel is fral bekend fan 'e langrinnende Pornochic-filmsearje, en hat him de lêste pear desennia ek bejûn op it mêd fan 'e homoseksuële pornografy. Yn 2006 waard de dochterûndernimming Dorcel TV oprjochte, in betelkanaal dat pornofilms útstjoert fia kabel en satellyt. Sûnt 2008 wurket Vidéo Marc Dorcel fral op 'e Frânske merk nau gear mei de Sweedske Private-studio. Yn 'e Feriene Steaten wurde de films fan Vidéo Marc Dorcel distribuëarre troch Wicked Pictures.

Keppelings om utens


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.