Henry Wadsworth Longfellow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Wurk: red
L [[]] oars
Rigel 1:
[[Ofbyld:Henry Wadsworth Longfellow - Project Gutenberg eText 16786.jpg|thumb|200px|Henry Wadsworth Longfellow.]]
'''Henry Wadsworth Longfellow''' ([[Portland (Maine)|Portland]] ([[Maine]]), [[27 febrewaris]] [[1807]] – [[Cambridge (Massachusetts)|Cambridge]] ([[Massachusetts]]), [[24 maart]] [[1882]]) wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[dichter]], [[skriuwer]], [[oersetter]] en [[heechlearaar]]. Hy is benammen bekend wurden troch syn [[epysk gedicht|epyske gedichten]] ''[[The Song of Hiawatha]]'' en ''Evangeline'', en troch koarte [[gedicht]]en as ''Paul Revere's Ride'' en ''[[Birds of Passage (gedicht)|Birds of Passage]]''. Teffens skreau er [[proaza]], lykas de [[roman]]s ''Kavanagh'' en ''Hyperion''. As oersetter wied er de earste Amerikaan dy't ''[[De Godlike Komeedzje]]'', fan [[Dante Alighieri]], yn it [[Ingelsk]] fertaalde. Longfellow wie heechlearaar oan it ''[[Bowdoin College]]'' yn [[Maine]] en letter perfester moderne [[taal|talen]] oan 'e [[Universiteit fan Harvard]]. Syn [[poëzij]] stiet bekend om 'e muzikaliteit, en Longfellow woeks út ta de populêrste Amerikaanske dichter fan syn tiid, wylst er ek yn it bûtenlân tige bewûndere waard. Syn kritisy fûnen lykwols dat er de [[Jeropa|Jeropeeske]] dichtstilen tefolle neibearde, en dat er boppedat de winsken fan syn publyk boppe de keunstfoarm stelde.
 
==Libben==