Sweedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red, oars net
Rigel 1:
[[Ofbyld:Svenska spåkets utbredning.PNG|thumb|It Sweedsk taalgebiet]]
 
It '''Sweedsk''' (''svenska'') is in [[Noard-Germaanske talen|Noard-Germaanske]] of Skandinavyske taal mei ûngefear 9 miljoen sprekkers. It is de meastsprutsenegrutste taal yn [[Sweden]] (8,8 miljoen sprekkers) en ien fan de offisjele talen fan [[Finlân]] (300.000 sprekkers). Yn de Finske autonome provinsje [[Åland]] is it Sweedsk de ienige offisjele taal.
 
It Sweedsk is nau besibbe oan de oare beide fêstelân-Skandinavyske talen, it [[Deensk]] en it [[Noarsk]]. It Sweedsk en it Noarsk, en wat minder it Deensk, binne ûnderling reedlik fersteanber. Guon wurden binne oars, grammatikaalGrammatikaal binne de talen nau besibbe. De stavering is wol ferskillend.
 
De wurdskat fan it Sweedsk is hast hielendal Germaansk. Dochs binne der ek in soad lienwurden út foaral it [[Latyn]], [[Frânsk]] en it (Neder)Dútsk. Tsjinwurdich wurde der in soad wurden út it [[Ingelsk]] oernommen, somtiids oanpast, somsas letterlik oersetten.
 
De standerttaal (ek wol Rykssweedsk (''rikssvenska'')) is basearre op 'e dialekten fan [[Stockholm]] en omkriten en fan it [[Mälardal]]. Oare farianten fan it Sweedsk binne it [[Finlân-Sweedsk]] en it [[Estlân-Sweedsk]].