Reality Kings: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oanf
Rigel 1:
'''''Reality Kings''''', soms ôfkoarte ta RK, is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske [[ynternet|webside]] en filmstudio dy't fêstige is yn [[Miami Beach (Floarida)|Miami Beach]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Floarida]]. It bedriuw is eigendom fan it yn [[2000]] oprjochte ''RK Netmedia'', krektlyk fêstige yn Miami Beach, dat teffens in stikmannich minder bekende pornografyske websiden yn besit hat, lykas ''CumFiesta.com'', ''MilfHunter.com'', ''CaptainStabbin.com'', ''8thStreetLatinas.com'' en ''RoundAndBrown.com''. Yn [[2012]] waard ''RK Netmedia'' oernommen troch de yn [[Lúksemboarch]] fêstige porno-mulitnational ''[[Manwin]]'', dy't û.m. ek konkurrint ''[[Brazzers]]'' en de Amerikaanske pornostudio ''[[Digital Playground]]'' yn besit hat, en de websiden fan ''[[Wicked Pictures]]'' beheart.
 
==Sjenre==
Sûnt syn oprjochting is ''Reality Kings'' it mulpunt wurden fan in netwurk fan in stik as 25 websiden dy't in grut ferskaat oan pornografyske subsjenres oanbiede, lykas Aziatyske, Latynsk-Amerikaanske, ''ebony'' ([[negroïde ras|swarte]]) en [[ynterrasiale pornografy]], tiner-, [[realitypornografy|reality-]], [[amateurpornografy|amateur-]] en [[milfpornografy]], njonken porno fan it grutteboarste- en gruttekontesjenre. Tsien fan dy websiden binne ûnderbrocht by de [[ymprint]] ''[[Muffia]]''. Yn [[2009]] begûn ''Reality Kings'' fierders it programma ''Money Talks'' te meitsjen foar it betelkanaal ''[[Playboy TV]]''. Datselde jiers sette it bedriuw ek útein mei in eigen betelstjoerder, ''Reality Kings TV'' (RKTV), dêr't se de ynhâld fan harren websiden (en dy fan ''[[Bang Bros]]'') op útstjoere.
 
==Skandalen==