Pure Play Media: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red
Rigel 1:
'''''Pure Play Media''''', soms ôfkoarte ta PPM en inkeld ek wol (mis)stavere as ''Pureplay Media'', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Chatsworth (Kalifornje)|Chatsworth]], in wyk fan [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. It bedriuw waard oprjochte yn [[2002]], mei as doel om 'e grutste talinten yn 'e Amerikaanske pornoyndustry byinoar te bringen. Dêrta loek it bedriuw û.o. pornoprodusint, -regisseur en -akteur [[Seymore Butts]] oan, dy't by in breder publyk bekend wurden is troch de ''mainsteam''-[[realitysearje]] oer syn deistich libben, ''Family Business''; [[Danni Ashe]], earder [[neakenmodel]] en [[stripper]] en dêrnei de eigner fan 'e súksesfolste [[neakenfotografy]]webside fan it [[ynternet]] (''Danni's Hard Drive''); en [[Suze Randall]], in ferneamd neakenfotografe, dy't de oerstap makke ta it regissearjen fan [[pornografyske film]]s. Teffens wurket ''Pure Play Media'' gear mei de [[útjouwerij]]en fan [[neakenblêd]]en ''[[Swank Digital]]'' en ''[[The Score Group]]'', dy't as njonkenaktiviteit ek wol pornografyske dvd's útbringe.
 
==Keppelings om utens==