Magmafilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 sep 2013 om 22.46

Magmafilm GmbH is in Dútske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Essen, yn 'e dielsteat Noardrynlân-Westfalen. It bedriuw waard yn 1988 troch Walter Molitor oprjochte ûnder de namme MTC. Oant 2004 waard it laat troch Molitor syn soan Nils Molitor. Tsjintwurdich is Magmafilm mei Videorama ien fan 'e beide bekendste en grutste spilers yn 'e Dútske pornoyndustry.

Yn 2000 naam Magmafilm de Switserske pornostudio Mascotte Film AG út Suerich oer, dy't doe al 35 jier as selsstannige produsint yn 'e Jeropeeske pornoyndustry aktyf wie. Sûnt binne net inkeld de rjochten op 'e films fan Mascotte Film sels, mar ek dy op 'e films dy't produsearre wurde troch Magmafilm en syn Dútske ymprint Tabu ûnderbrocht by Mascotte Film. Yn 2007 wie Magmafilm it earste Jeropeeske pornolabel dat in film, Porn Hard Art, útbrocht op blu-ray. De moanne ferskine der sa'n 24 nije titels. Under de aktrises dy't foar Magmafilm wurke hawwe, binne Julia Channel, Annina Ucatis, Angel Dark en de Turksk-Dútske Sibel Kekilli (ûnder de skûlnamme Dilara), dy't neitiid namme makke hat as mainstream-aktrise.

Keppelings om utens