Red Light District: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Rigel 4:
Oars as by de measte pornostudio's, dêr't regisseurs gewoan wurknimmers binne, wiene se by ''Red Light District'' yn 't earstoan foar in part eigner fan 'e films dy't se makken, en dielden se dus yn 'e winst. De films dy't ''Red Light District'' produsearre, koene ta it subsjenre fan 'e ''[[gonzopornografy|gonzo]]''-pornografy rekkene wurde, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan ''feature films'', de eigentlike films. Dêrby stribbe ''Red Light District'' dernei om ''gonzo'' fan in hegere kwaliteit te meitsjen as wat konkurrearjende studio's produsearren.
 
Yn [[2003]] gie '''''Platinum X Pictures''''' fan start, in dochterûndernimming fan ''Red Light District'', oprjochte troch regisseur [[Michael Stefano]] en [[pornoaktrise]] [[Jewel De'Nyle]]. ''Platinum X Pictures'' makke itselde soarte films as ''Red Light District''. Om deselde tiid hinne waarden ek de dochterûndernimmings ''Amateur District'', dy't sabeare [[amateurpornografy]] produsearre, en ''The Candy Shop'', dy't him op [[ynterrasiale pornografy]] konsintrearre, oprjochte. Yn [[2004]] fûn der by ''[[Anabolic Video|Anabolic]]'' en ''[[Diabolic Video]]'' suver in leechrin plak, doe't almar mear regisseurs oerstapten nei ''Red Light District'', om't se dêr mei-eigner wiene fan harren films.
 
Datselde jiers noch ferliet Giarusso it bedriuw; Joseph kocht him út en waard foar hûndert persint eigner. Hy ferskode stadichoan it sakemodel fan ''Red Light District'' fan ien wêryn't de produsint en de regisseur mei-inoar de rjochten fan 'e films besieten, nei ien wêrby't hysels almar mear titels yn besit hie en dêrneffens de winst opstrike koe. Ek liet er ''Platinum X Pictures'' frijwol opgean yn ''Red Light District''. Yn [[2006]] ferlieten ferskate regisseurs ''Red Light District'' om't se, koartsein, Joseph te ynklauwerich fûnen. Yn [[2007]] ferkocht ''Red Light District'' syn dochterûndernimmings ''Platinum X Pictures'', ''Amateur District'' en ''The Candy Shop''.
 
Yn 2004 krige ''Red Light District'' de rjochten yn 'e hannen fan ''1 Night in Paris'', de priveesekstape fan [[Paris Hilton]], nei't by in rjochtsaak oerienkommen wie dat Hilton $ 400.000,— plus in persintaazje fan 'e winst útbetelle krije soe. ''1 Night in Paris'' waard de bêstferkeapjende en bêstferhierende pornofilm fan [[2005]]. De mediabelangstelling dy't dizze kontroversjele publikaasje meibrocht, joech ''Red Light District'' in geweldige triuw yn 'e rêch. Neitiid waarden oare sekstapes fan ferneamde Amerikanen op 'e merk brocht, lykas ''1 Night in China'', mei [[Amerikaansk wrakseljen|wrakselders]] [[Sean Waltman]] en [[Joanie Laurer]] (artystenamme: "Chyna"), en ''Amy Fisher Caught On Tape'', mei [[Amy Fisher]], de ''Long Island Lolita'' (bekend fan in seksskandaal út [[1992]], doe't se 17 jier wie, mei de tweintich jier âldere [[Joey Buttafuoco]]). Tsjintwurdich publisearret ''Red Light District'' twa nije films de wike, net allinnich op dvd, mar ek fia satellyttillevyzje, [[mobile tillefoan]]s en ''video on demand'' op it [[ynternet]],
 
==Keppelings om utens==