Rabanus Maurus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L [[]] oars
Rigel 3:
 
==Libben==
Rabanus waard om [[780]] hinne berne te Mainz, yn in begoedige fermidden. Hy genoat syn oplieding yn it [[Abdij fan Fulda|kleaster]] fan [[Fulda]], yn [[Hessen]], dêr't er yn [[801]] ta [[deken (tsjerklik amt)|deken]] wijd waard. Op oanstean fan syn [[abt]], [[Ratgar fan Fulda|Ratgar]], sette er doe mei Haimon, in oare jonge [[mûnts]], ôf nei [[Tours]], om dêr syn stúdzje te foltôgjen. Yn Tours studearre er ûnder de ferneamde wittenskipper [[Alcuin fan York]], dy't abt fan Tours wie, en dy't him foar syn iver en frommens de bynamme Maurus joech, nei de hillige [[Maurus]], de leaflingsdissipel fan [[Benediktus fan Nursia]], de stifter fan 'e [[benediktinen|benediktynske oarder]].
 
Rabanus kearde twa jier letter nei [[Fulda]] werom, dêr't er it tafersjoch krige oer de skoalle, dy't ûnder syn lieding útgroeide ta ien fan 'e wichtichste sintra fan wittenskip en de produksje fan manuskripten yn [[Jeropa]]. Yn dyselde snuorje stalde er nei alle gedachten ek syn gearfetting fan 'e grammatika fan [[Prissianus]] gear, dy't de hiele fierdere [[Midsieuwen]] troch rûnom brûkt waard.
 
Yn [[814]] waard Rabanus ta preester wijd. Koarte tiid letter, lykwols, moast er fanwegen wat wierskynlik in skeel mei syn abt Ratgar wie, Fulda in skoft ferlitte. Lange tiid hat men tocht dat dizze ferballing foar him oanlieding wie om in [[pylgerreis]] nei [[Palestina]] te ûndernimmen, op grûn fan in obskuere ferwizing nei syn oanwêzigens yn it [[Hillige Lân]] yn syn kommentaar op it bibelboek ''[[Jozua]]''. Mar dy passaazje is in sitaat fan 'e [[tsjerkfaar]] [[Origenes]], en it wie Origenes dy't yn Palestina wie, ynstee fan Rabanus.