Wearjild: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Warjild to Wearjild: Flater yn 'e titel; sjoch oerlisside
L [[]]
Rigel 1:
'''Wearjild''' of '''werjild''' (ek manjild, soenjild, mar net "warjild", want it komt fan deselde oarsprong as "[[wearwolf]]", ntl. fan in âld wurd foar man; ferlykje it [[Latyn]]ske wurd ''vir'') wie neffens de [[Germanen|Germaanske]] rjochtsboarnen de wearde fan in man yn jild. De hichte fan it warjild wie ôfhinklik fan de stân fan de man.
 
By ûnkwalifisearde [[deaslach]] moast de dieder it folle warjild fan it [[slachtoffer]] fergoedzje, by minder swiere [[misdriuw]]en in evenredich diel en by swierdere misdriuwen in mearfâld. It warjild moast betelle wurde oan it slachtoffer of dyns sibbe. Njonken it warjild moast de dieder [[fredesjild]] betelle oan de [[kening (titel)|kening]] om de oantaasting fan de iepenbiere [[frede]] goed te meitsjen.