Ferskil tusken ferzjes fan "Elizabetaanske Tiid"

L
gjin bewurkingsgearfetting
(Nije side)
 
L
De '''Elizabetaanske Tiid''' is in tiidrek út 'e [[skiednis]] fan [[Ingelân]] dat rûchwei de twadde helte fan 'e [[sechstjinde ieu]] beslacht (om persiis te wêzen fan [[1558]] oant [[1603]]). It wie de snuorje dat keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] regearre, in tiid dy't troch [[histoarikus|histoarisy]] gauris foarsteld wurdt as de Ingelske Goudene Ieu. De Elizabetaanske Tiid wurdt lykwols benammentlik sa heech by op sjoen om't it in perioade wie dat der yn Ingelân fierhinne frede hearske nei de foargeande opstannen dy't feroarsake wiene troch de [[Reformaasje]], yn 'e earste helte fan 'e [[sechstjinde ieu]], en de striid tusken it parlemint en de monargy dy't derop folge, yn 'e [[santjinde ieu]]. Yn it Elizabetaanske tiidrek foel fierders it kulturele hichtepunt fan 'e [[Renêssânse]] yn Ingelân, mei de bloei fan [[muzyk]] ([[William Byrd]] en [[Thomas Campion]]), [[toaniel]] ([[William Shakespeare]], [[Christopher Marlowe]] en oaren), [[poëzij]] ([[Edmund Spenser]]) en wittenskip ([[Isaac Newton|sir Isaac Newton]] en [[Francis Bacon]]).
 
Op it mêd fan 'e polityk en de [[religy]], saken dy't doedestiden noch ûnskiedber mei-inoar ferbûn wiene, rekke de [[protestantisme|protestantske]] [[Reformaasje]] yn Ingelân einlings algemien akseptearre, nei it hinne-en-wer-belied fan Elizabeth har foargongers [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], [[Edwert VI fan Ingelân|Edwert VI]] en [[Marije I fan Ingelân|Marije de Bloedige]]. Dêrby spile de iepentlike fijânskip fan [[roomsk-katolisisme|roomske]] lannen as [[Spanje]] in grutte rol, mei as hichtepunt it ferslaan fan 'e [[Spaanske Armada]], yn [[1588]]. Fierders fûnen yn 'e Elizabetaanske Tiid de ferneamde ûntdekkingsreizen fan [[Francis Drake|sir Francis Drake]] en [[Walter Raleigh|sir Walter Raleigh]] plak. Teffens wie de Elizabetaanske Tiid it lêste tiidrek wêryn't Ingelân noch in lân op himsels wie, mei't Elizabeth, dy't nea troude en gjin bern hie, opfolge waard troch har fiere famyljelid, kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI]] fan [[Skotlân]] (dy't yn Ingelân ûnder de namme [[Jakobus I fan Ingelân|JakobusJapik I]] op 'e troan kaam), sadat Ingelân en Skotlân fan [[1603]] ôf in [[personele uny]] kamen te foarmjen.
 
[[Kategory:Skiednis fan Ingelân]]
[[Kategory:Skiednis fan it Feriene Keninkryk]]
[[Kategory:Stylperioade]]