Kanker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "212.178.213.130" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "SamoaBot".
Rigel 9:
 
== Wat is kanker? ==
It wurd "kanker" is ôflaat fan it Latynske wurd "cancer", dat oarspronklik "kreeft" betekenid fvjgbng penis erctie dildo aars neukerbetsjut. De sykte hjit yn it [[Dútsk]] ek noch altiten "Krebs". De namme is ûnder oare al troch [[Galenus]] oan de oandwaning jûn, omdat yn earder tiden de sykte werkend waard oan de opfallend reade, swolde bloedfetten tichtby de swolms, dy't de artsen fan doe tinken diene oan de reade poatsjes fan in [[kreeften|kreeft]].
 
Kanker is in oandwaning dy't skaaimerke wurdt troch de ûnbehearske groei fan weefsels troch in oanhâldende seldieling. Sûne sellen yn it lichem diele (proliferearje) inkeld as soks nedich is lykas wannear't bepaalde organen oan fernijing of werstelling ta binne. By dizze selproliferaasje krije de sellen ek in spesifike foarm en grutte, ôfhinklik fan haren funksje, wat wy kenne as [[seldifferinsjaasje]]. Dizze dieling en differinsjaasje stiet ûnder ynfloed fan meardere faktoaren: de útwindige faktoaren (hormoanen, gemyske stoffen, firussen, ...) en de ynwindige sinjalen (aaiwiten dy't ûntsteane ûnder ynfloed fan spesifike regelgenen binnen de sel). Beide typen faktoaren kinne én in stimulearjende of in remjende ynfloed op de seldieling hawwe. Yn it gefal fan de ynwindige sinjalen sprekke wy fan sellulêre groeifaktoaren of groeiremmers.