Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Oar: red
Rigel 36:
Yn it tiidrek fan 'e [[stomme film]] wiene sokke rôlprinten tige by tige populêr, mar doe't om [[1928]] hinne de sprekkende film syn yntrede yn [[Hollywood]] makke, rekke it sjenre yn it neigean. De grutte studio's lieten fan dy tiid ôf de western links lizze, wêrfan't lytsere studio's en produsinten tankber gebrûk makken troch oan 'e ein fan 'e tweintiger en yn 'e earste helte fan 'e tritiger jierren withoefolle low-budgetwesterns te produsearjen. Hoewol't dy har soms yn grut kommersjeel súkses ferhûgje mochten, waard de western oan 'e ein fan 'e tritiger jierren yn Hollywood min of mear as in pulpsjenre beskôge.
 
Dat feroare op dramatyske wize doe't yn [[1939]] ferskate grutte studio's frijwol tagelyk westerns begûnen út te bringen, lykas ''[[Dodge City (film út 1939)|Dodge City]]'', mei [[Errol Flynn]] yn 'e haadrol, ''[[Jesse James (film)|Jesse James]]'', ''[[Union Pacific (film)|Union Pacific]]'' en ''[[Destry Rides Again]]'', mei [[James Stewart]] yn syn alderearste westernrol, en mei as syn tsjinspylster [[Marlene Dietrich]]. De opmerklikste film dy't dat jiers útkaam, wie lykwols ''[[Stagecoach (film út 1939)|Stagecoach]]'', fan [[regisseur]] [[John Ford]], wêryn't in [[postkoets]] efterfolge wurdt troch gemiene Yndianen dy't op it oarlochspaad binne. Dy film, dy't útbrocht waard troch ''[[United Artists]]'', waard ien fan 'e grutste bioskoopsúksessen fan 1939, en makke fan [[John Wayne]], dy't foartiid tsien jier lang yn [[B-filmsfilm]]s aktearre hie, yn ien klap in ferneamd [[akteur]]. Ek oare akteurs, lykas [[Cary Grant]], [[Lee Van Cleef]], [[Yul Brynner]] en [[Clint Eastwood]], makken harren karriêre (fierhinne) mei westernrollen.
 
Iere westerns waarden, krekt as oare Hollywood-films út dy tiid, foar it meastepart yn 'e studio's opnommen, mar doe't geandewei de jierren tritich it filmjen op lokaasje gewoaner waard, sochten filmmakkers ôfhandige úthoeken fan [[Arizona]], [[Kalifornje]], [[Kolorado]], [[Kansas]], [[Montana]], [[Nevada]], [[Nij-Meksiko]], [[Oklahoma]], [[Teksas]], [[Utah]] of [[Wyoming]] op. Ek saneamde "filmranches", feepleatsen dy't spesjaal foar it meitsjen fan films oanlein of oankocht en ynrjochte wiene, waarden wol brûkt foar lokaasjefilmjen. Yn 'e jierren fyftich feroare it lânskip fan in libben dekôr yn it eigenste karakter fan 'e film. De ûntwikkeling fan ferskate breedbyld-formats, lykas ''[[cinemascope]]'' ([[1953]]) en ''[[VistaVision]]'', makke it mooglik om op 'e gruttere eftergrûn it swide lânskip fan it Wylde Westen sjen te litten. John Ford naam tusken [[1939]] en [[1965]] in hiele rige films op yn [[Monument Valley]], yn Utah, wêrmei't er dy krite mei syn dramatyske rotsformaasjes en mesa's, dy't withoeheech boppe de ruters úttuorje, ta in [[toerisme|toeristyske]] trekpleister makke.