94.500
bewurkings
No edit summary |
(sa) |
||
[[Ofbyld:Zaailand feb 07.JPG|thumb|It plein sa't it der yn 2007 hinne lei]]
[[Ofbyld:Fries Museum Wilhelminaplein Leeuwarden.jpg|thumb|It plein yn 2013. Oan de eastside it nije [[Frysk Museum]].]]
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd.
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd. It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein fine it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten plak. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekistereses hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it [[Old Burger Weeshuis]] troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafeees mei nammen as ''Houbein'', ''de Nederlanden'', ''Us Thús'', ''Friesch koffiehuis'' en ''City Bar''. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.▼
▲
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]] in eksposysje oer it plein te sjen. Yn 2013 stie it [[Glêzen Hûs]] fan [[Serious Request]] (Radio [[3FM]]) op it Saailân.
== Nije ynrjochting ==
{{boarnen|boarnefernijing =
|