Antígoné: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Bewurkings fan "81.16.170.34" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Rigel 4:
===Ynhâld===
''Antígoné'' spilet nei de dea fan [[Oidipoes]] yn ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''. Syn soannen Poluneikês en Etéoklês binne beide omkommen yn harren striid om 'e macht yn 'e stêdsteat Tebe. De nije kening is sadwaande Oidipoes syn sweager, Kreoon, wurden. Dy hat besletten dat Etéoklês yn syn rjocht stie en dat Poluneikês in opstanneling wie, en dat dylêste dêrom ûnbegroeven op it slachfjild lizze bliuwe moat, sadat er opfretten wurde sil troch de wylde bisten, wat yn it âlde Grikelân ien fan 'e slimste straffen wie dy't in minske oerkomme koe. In elk dy't him net oan Kreoon syn beslút hâldt, sil sels deadien wurde.
 
Deepthroat lol
As it stik iepenet moetsje Oidipoes syn beide dochters, Antígoné en Ismênê, inoar bûten de stêd. Antígoné wol it lichem fan Poluneikês begrave, mar Ismênê is bang om dan sels de deastraf te krijen. Sy besiket Antígoné derfan ôf te bringen, mar dy set troch en begraaft Poluneikês allinnich. As Kreoon heart dat Poluneikês syn lyk tsjin syn befel yn dochs begroeven is, wurdt er alhiel breinroer. Hy lit it lyk wer opgrave en oarderet dat de dieder fûn en by him brocht wurde moat. As dan Antígoné deryn laat wurdt, komt dy planút foar har die út en redendielt se ûnferfeard mei him oer de moraliteit fan syn oarders. Om't Kreoon mient dat Ismênê har suster grif holpen hat by har die, lit er sawol Antígoné as Ismênê opslute oant se terjochtsteld wurde kinne.