Antígoné: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "81.16.170.34" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Glaisher".
L red
Rigel 2:
'''''Antígoné''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἀντιγόνη''', '''''Antigonē''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde ''[[Tebaanske Trilogy]]'' (mei ''[[Kening Oidipoes]]'' en ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''), wêrfan't it it trêde diel foarmet, al is it as earste skreaun. In oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]], hie ek in stik dat fan ''Antígoné'' hiet, mar dat is op in pear fragminten nei ferlern gien. Yn ''Antígoné'' is de haadrol weilein foar Oedipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan [[Tebe (Grikelân)|Tebe]]. Sofoklês skreau dit toanielstik yn of foàr it jier 441 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].
 
===Ynhâld===
''Antígoné'' spilet nei de dea fan [[Oidipoes]] yn ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''. Syn soannen Poluneikês en Etéoklês binne beide omkommen yn harren striid om 'e macht yn 'e stêdsteat Tebe. De nije kening is sadwaande Oidipoes syn sweager, Kreoon, wurden. Dy hat besletten dat Etéoklês yn syn rjocht stie en dat Poluneikês in opstanneling wie, en dat dylêste dêrom ûnbegroeven op it slachfjild lizze bliuwe moat, sadat er opfretten wurde sil troch de wylde bisten, wat yn it âlde Grikelân ien fan 'e slimste straffen wie dy't in minske oerkomme koe. In elk dy't him net oan Kreoon syn beslút hâldt, sil sels deadien wurde.
 
Rigel 15:
Underwilens komt Kreoon op, dy't it lichem fan Haimon draacht. Hy begrypt no dat syn eigen dieden him ta dizze tsjinrampen brocht hawwe. Dan komt der in boadskipper út it paleis om him te fertellen dat ek Eurydikê harsels fan it libben berôve hat, en mei har lêste sike Kreoon ferflokt hat. Kreoon jout himsels de skuld fan alles. Hy is no in brutsen man, dy't de help fan syn tsjinstfeinten brek is om nei binnen te gean. De iepenbiere oarder dy't er sa heech achte, hat er beholden, en kening is er ek noch, mar om't er tsjin 'e wil fan 'e goaden yngien is, hat er wiif en bern ferlern. It koar beslút it stik troch te sjongen dat hoewol't de goaden de grutsken bestraffe, harren bestraffings wiisheid bringe.
 
===Fryske oersetting===
De Fryske oersetting fan ''Antígoné'' ferskynde yn [[1991]]<ref>Kroes, Jan, ''Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske''.</ref> fan 'e hân fan klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e ''[[Ilias]]'' en de ''[[Odyssee]]''), dy't it toanielstik yn in boekje fan 30 siden yn eigen behear útbrocht. It is op te freegjen by [[Tresoar]] ûnder oanfraachnû. 10878 fr folio.