Westromeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page West-Romeinske Ryk to Westromeinske Ryk: staveringsflater
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Theodosius I's empire.png|thumb|Dieling fan it Romeinske Ryk yn 395.]]
It '''West-RomeinskeWestromeinske ryk''' (yn it [[Latyn]] '''Imperium Romanum Pars Occidentalis''') ûntstie yn [[395]], it jier dat it [[Romeinske Ryk]] foarfêst splitst waard yn in eastlik en in westlik part. Wylst it [[East-RomeinskeEastromeinske Ryk]] oant [[1453]] in keizerryk bliuwe soe, kaam der yn [[476]] in ein oan it westlik part doe't de lêste keizer, [[Romulus Augustulus]], troch [[Odoaker]] ôfsetten waard.
 
== Skieding fan it Romeinske Ryk ==
Al sûnt de dea fan [[Konstantyn de Grutte]] yn it jier 337 hienen de beide helten fan it Romeinske Ryk elk al in eigen keizer. It bewâld oer it westen hienen (diels as [[usurpator]]): [[Konstantyn II]] (337–340), [[Konstans I]] (340–350), [[Magnentius]] (350–353), [[Julianus Apostata]] (355–360), [[Falentinianus]] (364–375), [[Gratianus]] (375–383), [[Magnus Maksimus]] (383–388), [[Falentinianus II]] (383–392) en [[Eugenius]] (392–394). De keizers wienen ferantwurdlik foar it bestjoer en ferdigening fan it westen en hienen [[Galje]] ([[Trier]]) as residinsje, pas by [[Falentinianus II]] en [[Teodosius de Grutte]] waard [[Milaan]] keazen as residinsjestêd.
 
Mei de dea fan [[Theodosius I]] yn 395 waard de dieling fan it ''Imperium Romanum'' definityf. De earste keizer fan it East-RomeinskeEastromeinske Ryk waard syn soan [[Arkadius]] (383-408), de earste keizer fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk waard syn oare soan [[Honorius]] (393-423). De haadstêd fan it East-RomeinskeEastromeinske Ryk waard [[Konstantinopel]], yn it westen húsmanne it hôf earst yn Milaan, letter meastal yn Ravenna of Rome.
 
== Foederaty ==
[[Ofbyld:628px-Western and Eastern Roman Empires 476AD(3).PNG|thumb|It West- en East-RomeinskeEastromeinske Ryk yn 476.]]
Fuort nei de dea fan keizer [[Theodosius I]] hellet de [[foederaty]] yn grutte dielen fan it ryk de bestjoerlike en militêre macht nei him ta. Foederaty lylas de Fisigoaten en de Boergonden makken harsels los fan it Romeinske Ryk troch it stiftsjen fan eigen keninkriken. Nei de ynvaazje van de Westgoaten yn 402 op it Italjaanske skiereilân beslute Honorius om it hôf fan ''Mediolanum'' (Milaan) te ferpleatsen nei Ravenna, in stêd dy't better ferdigene wurde koe. Op de Britske eilannen fielden West-RomeinskeWestromeinske soldaten har allinnich litten en namen sels it inisjatyf ta it weromlûken nei Galje. [[Brittanje]] waard by it [[Grutte Folkeferfarren]] ûnder de foet rûn troch [[Angelen]], [[Friezen]], [[Juten]] en [[Saksen]]. Yn it jier 406 wie de [[Ryn]] as ryksgrins net mear te hâlden doe't ûnder oaren de Fandalen en Sueven it noarden fan Galje binnenfoelen. De Frankyske foederaty en de Romeinske grinstroepen („Limitanei“) koenen de Germaanske stammen net keare en waarden ferslein. Yn 405 wie in Goatysk leger it West-RomeinskeWestromeinske Ryk binnenfallen, mar koe troch [[Stilicho]] tsjinhâlden wurde. Nei de dea fan syn broer Arkadius fan it East-RomeinskeEastromeinske Ryk liet Honorius syn riejouwer en legeroanfierder Stilicho fermoardzje. Wylst wegere it regear yn Ravenna om noch mear lân oer te jaan oan de [[Fisigoaten]], dy't ûnder [[Alarik I]] yn 410 de stêd [[Rome]] plonderen. It [[Fisigoatyske Ryk]] besloech om 500 hinne it grutste part fan de eardere provinsje [[Hispanje]] en [[Akwitaanje]], mar moasten Akwitaanje nei de [[Slach fan Fouillé]] yn 507 ôfstean oan in ferbûn fan Franken en Boergonden. De Romeinske provinsje [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]] wie nei de besetting fan [[Kartago]] yn it jier 439 ûnderdiel fan it [[Fandaalske Ryk]].
 
== De Hunnen ==
Yn grutte dielen fan Galje koenen de Romeinen ûnder lieding fan [[Aetius]] de macht noch wat langer hâlde. It [[Boergondyske ryk]] oan de Ryn waard sels yn 436 troch de [[Hunnen]] ferneatige. Yn 450 feroare de alliânsje fan de Hunnen ûnder Hunnekening [[Attila]], dy't syn folk ferbûn mei de [[Ostrogoaten]], [[Gepiden]] en [[Alanen]]. By de stêd [[Troyes]] (ûnderdiel fan de hjoeddeistige [[Champagne-Ardennen]]) waard de [[Slach op de Katalaunyske Fjilden]] op [[20 septimber]] [[451]] útfochten tsjin it Romeinske leger fan [[Aetius]] mei in grut tal [[foederaty]]-kontinginten fan [[Fisigoaten]] en [[Franken]]. De Hunnen waarden net ferneatige en foelen út wraak [[Rome (stêd)|Rome]] oan, mar wierskynlik fanwege in sykte yn syn leger moast Atilla lang om let belies jaan. De Slach op de Katalaunyske Fjilden is it lêste grutte militêre yngripen fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk.
 
== Ein fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk ==
[[Ofbyld:Ostrogothic Kingdom.png|thumb|It Ostrogoatyske ryk, boud op de resten fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk]]
De [[Skieren]], [[Herulen]] en [[Gepiden]] ferlearen yn 469 yn [[Pannoanje]] de [[Slach oan de Bolia]] tsjin de Ostrogoaten. De Skieren en Herulen flechten nei Itaalje ta en waarden dêr opnommen yn it Romeinske leger, dat doe benammen bestie út hierlingen. Yn it leger makke [[Odoaker]] opgong en hy waard de militêre lieder fan de Germaanske ''[[foederaty]]''. De lêste keizer fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk wie [[Romulus Augustulus]]. De foargonger fan Romulus, keizer [[Julius Nepos]] wie troch Romulus syn heit [[Orestes]] fuortjeie nei [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't Nepos yn it jier 480 troch eigen soldaten fermoarde waard. Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op [[30 oktober]] [[475]] troch syn heit [[Orestes]] op de keizerlike troan fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk setten waard. Yn it jier 476 waard Romulus Augustulus as lêste keizer ôfsetten troch [[Odoaker]], earste Germaanske kening fan Itaalje. De machtsoername fan Odoaker is winliken de ein fan it West-RomeinskeWestromeinske Ryk. Mei it tanimmen fan syn macht ferlear Odoaker syn goede relaasje mei keizer [[Zeno]] fan it [[East-RomeinskeEastromeinske Ryk]]. De keizer besocht om Odoaker fuort te krijen en stjoerde de kening fan de Ostrogoaten [[Diderik de Grutte]] nei it Italjaanske skiereilân. Under keizer Zeno wie Diderik de Grutte generaal en waard yn 484 beneamd ta konsul. Diderik de Grutte oermastere it Italjaanske skiereilân en stifte dêr syn Ostrogoatyske ryk.
 
[[Kategory:Romeinske Aldheid]]