Fenantius Fortunatus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 18 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q44934
L oanf
Rigel 1:
[[Ofbyld:AlmaTadema-VenantiusFortunatus.jpg|thumb|right|300px|''Fenantius HonoriusHonoarius'' troch [[Alma Tadema|sir Lawrence Alma-Tadema]]''.]]
'''Fenantius Fortunatus''' (folút: '''Fenantius Honoarius Klemintianus Fortunatus'''; Duplavis, by [[Treviso]] ([[Itaalje]]), ±[[530]] – [[Poitiers]] ([[Frankryk]]), ±[[600]]/[[609]]) wie in [[Midsieuwen|Midsieusk]] [[Latyn]]sk [[dichter]] en [[hymne]][[skriuwer]] út it [[Merovingen|Merovingyske Tiidrek]], en [[biskop]] fan [[Poitiers]]. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste dichters op 'e grins fan 'e [[Aldheid]] en de [[Iere Midsieuwen]]. Guon fan syn [[hymne]]n, benammen it ''Pange Lingua Gloriosi Prœlium Certaminis'' en it ''Vexilla Regis Prodeunt'', hearre ta de meast ferneamde fan 'e [[Latynske liturgy]]. Nei syn dea waard Fortunatus fereare as [[hillige]], benammen yn 'e omkriten fan Poitiers en yn syn bertestreek yn Noard-Itaalje, mei in feestdei dy't op [[14 desimber]] foel (wat syn stjerdei west hawwe soe), mar feitliken wied er nea offisjeel hillich ferklearre.
'''Fenantius Honorius Klementianus Fortunatus''' (Valdobbiadene by [[Treviso]] ([[Itaalje]]), sa. [[536]] - [[Poitiers]] ([[Frankryk]]), [[14 desimber]] [[600]]) wie in dichter út de [[Merovingen|Merovingyske]] tiidrek en [[biskop]] fan Poitiers.
 
==Libben==
Fortunatus wie befreone mei [[Gregorius fan Toers]]. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste dichters op de grins fan de âldheid en de [[Iere Midsieuwen]]. Guon fan syn [[hymne]]n, benammen de ''Pange lingua'' en ''Vexilla regis'', hearre ta de ferneamdste fan de Romeinske [[liturgy]].
Fenantius Fortunatus waard earne tusken [[530]] en [[540]] berne te Duplavis, deunby [[Treviso]], yn wat no noardeastlik Itaalje is. Hy groeide op doe't de [[Goatyske Oarloch (535-554)|Byzantynske werovering fan Itaalje]] geande wie, mar der bestiet ûnienichheid oer wêr't Fortunatus syn jonkheid trochbrocht hat. Guon [[histoarikus|histoarisy]] miene dat Fortunatus syn famylje nei [[Akwileja]], yn Midden-Itaalje, ferfear fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje dy't yn Treviso ûntstie nei de dea fan 'e [[Goaten|Goatyske]] kening [[Teoderik de Grutte]]. It bewiis foar dizze ûnderstelde ferhuzing is lykwols tige krap.
 
Earne yn 'e 550-er of 560-er jierren reizge Fortunatus nei [[Ravenna]] ta (dat doe it regearingssintrum fan Itaalje wie), om dêr te studearjen. Hy ûndergie dêr in klassike oplieding yn 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] styl, wat û.m. blykt út syn trochkrûpte bekendheid mei klassike dichters as [[Fergilius]], [[Ovidius]] en [[Horatius]], wa har ynfloed oft sterk út syn lettere wurk nei foarren komt. Teffens hied er nei alle gedachten ienige kennis fan 'e [[Gryksk]]e taal en fan klassike Grykske skriuwers en [[filosoof|filosofen]], mei't er yn syn [[poëzij]] ferskate kearen nei harren ferwiist en út en troch ris in Gryksk wurd yn syn fersregels bemjukset.
== Keppeling om utens ==
* [http://www.fh-augsburg.de/~harsch/Chronologia/Lspost06/Venantius/ven_intr.html Wurken fan Fenantius Fortunatus online op Bibliotheca Augustana]
 
Uteinlik ferfear Fortunatus fia [[Dútslân]] nei it âlde [[Galje]] (it hjoeddeiske [[Frankryk]]), dêr't er yn 'e maityd fan [[566]] oan it [[Merovingen|Merovingyske]] Hof te [[Metz]] oankaam, wierskynlik mei de bedoeling om dêr hofdichter te wurden. Aldergeloks foel syn oankomst dêre gear mei it houlik fan kening [[Sigebert I]] en keninginne [[Brúnhilde fan Austraazje|Brúnhilde]], en koed er daliks in wichtige rol ferfolje troch in fieringsdicht te meitsjen dat er foar it hiele Hof foardroech. Sadwaande hied er fan it begjin ôf oan al in grutte kliïntêle fan eallju dy't him betellen om poëzij foar (en oer) harren te skriuwen. Likernôch in jier nei syn oankomst yn Metz reizge Fortunatus fierder nei it Hof fan Sigebert syn broer, kening [[Garibert I]], te [[Parys]], dêr't er ferbleau oant it ferstjerren fan dyselde yn [[568]]. Fanwegen it gefaar dat kening [[Hilperik I]] foar him ynhold, de broer en fijân fan Sigebert en Garibert, dy't syn macht doe nei Parys ta útwreide, wied er twongen en kear werom nei de lannen dêr't Sigebert de skepter swaaide.
 
Hy gie súdoan oer [[Toers]], en sette him nei wenjen te [[Poitiers]]. Dêr't mette er de [[Franken|Frankyske]] keninginne en [[non]] [[Radegondis]], mei wat er goed befreone rekke. Fortunatus skreau in grut tal [[gedicht]]en oer har en brieven oan har, en stipe har ek yn har politike bemuoienissen. Teffens kaam er dêre yn 'e kunde mei de lettere [[biskop]] en foaroanman fan 'e [[Westersk kristendom|Westerke Tsjerke]] [[Gregoarius fan Toers]], dy't ek in freon fan him waard. Yn [[580]] skreau Fortunatus in gedicht wêryn't er Gregoarius ferdigene tsjin 'e ferriedlike beskuldigings dy't oan it hof fan kening [[Hildebert II]], yn Poitiers, tsjin him utere wiene. Yn [[599]] of [[600]] waard Fortunatus, hoewol't er gjin tsjerkeman wie, oansteld as opfolger fan biskop [[Plato fan Poitiers]]. Hy stoar earne tusken [[600]] en [[609]], neffens de tradysje op [[14 desimber]]. Hoewol't er nei syn dea in hillige neamd waard en ek oan hjoed de dei ta as sadanich fereare wurdt, is er nea formeel hillich ferklearre.
 
==Wurk==
Fortunatis is it bekendst wurden om twa gedichten dy't as [[hymne]]n ûnderdiel wurden binnen fan 'e [[liturgy]] fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. It iene is it ''Pange Lingua Gloriosi Prœlium Certaminis'' ("Sjong, O Tonge, fan 'e Glorieuze Wrakseling"), dat letter [[Tomas fan Akwino]] ynspirearre ta it skriuwen fan syn ''Pange Lingua Gloriosi Corporis Mysterium'', en it oare is it ''Vexilla Regis Prodeunt'' ("De Keninklike Banieren Geane Foarút"), dat songen wurdt as ûnderdiel fan 'e [[fespers]]tsjinsten yn 'e [[Lijenswike]]. It oare grutte wurk dêr't Fortunatis ferneamdheid mei wûn, wie it [[hilligelibben]] oer de [[hillige]] [[Martinus (hillige)|Martinus]], it ''Vita Sancti Martini''. Dat skreau er as in lang ferheljend gedicht, dat de Aldgrykske en Romeinske [[epysk gedicht|epyske gedichten]] út 'e [[Klassike Aldheid]] net wanlyk is, mar dat dêrfan ôfwykt trochdat it optilt fan 'e kristlike ferwizings. It hat in foarwurd dat û.m. oan Radegondis rjochte is, en dat yn [[2011]] troch [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] oerbrocht is nei it [[Frysk]] (sjoch foar mear gegevens ûnder Boarnen).
 
Fierders skreau Fortunatus ek noch alve oerlevere (dus oarspronklik miskien mear) boeken mei [[Latyn]]sktalige poëzij fan alderhanne sjenres en ûnderwerpen. In protte gedichten dêrút dy't in [[religy|religieuze]] kontekst hiene, binne letter op muzyk set en ta hymnen makke. Fierders begûn er nei har ferstjerren oan in hilligelibben yn fersen oer syn [[patronesse]], keninginne Radegondis, dat nei syn eigen dea ôfmakke waard troch de non [[Boudewina]].
 
== KeppelingKeppelings om utens ==
* [http://www.fh-augsburg.de/~harsch/Chronologia/Lspost06/Venantius/ven_intr.html Wurken fan Fenantius Fortunatus online op ''Bibliotheca Augustana'']
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
{{Aut|Fortunatus, Venantius}}, ''It Libben fan Sint Martinus: Foarwurd oan Agnes en Radegonde – Oanrin ta it Libben fan Sint Martinus'' (oers. Klaas Bruinsma), 2011 (typoskript fan 12 siden, mei begeliedend skriuwen oan Hans Laagland, Tresoar), Tresoar oanfraachnû. Handschrift Bruinsma, Klaas.
 
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Venantius_Fortunatus ''References'' en ''Further Reading'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Midsieusk skriuwer]]
[[Kategory:Hymneskriuwer]]
[[Kategory:Hillige]]