Club International: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L [[]] oars
Rigel 1:
'''''Club International''''' is in [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[neakenblêd]] dat oprjochte waard yn [[1972]] as in susterútjefte fan it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] tydskrift ''[[Club (tydskrift)|Club]]''. It wurdt eltse fjouwer wiken útjûn, wat delkomt op trettjin edysjes jiers. De [[útjouwerij]] dy't ferantwurdlik is foar ''Club International'' is ''[[Paul Raymond Publications]]'' (PRP), dat acht fan 'e top tsien fan Britske neakenblêden op 'e merk bringt. Tegearre mei ''[[Mayfair (tydskrift)|Mayfair]]'' wurdt ''Club International'' beskôge as ien fan 'e sjykste útjeften fan PRP. It blêd omfettet njonken tekstartikels fral in soad [[neakenfotografy]], soms mei mear as ien [[neakenmodel|model]], mar dat lêste sûnder dêrby [[pornografy]]ske ôfbyldings te toanen, lykas [[geslachtsferkear|penetraasje]] of [[orale seks|oraal-genitaal kontakt]]. Der wurdt sels mar selden in ''pink shot'' ôfprinte, in foto dêr't de [[fagina]] fan in model op te sjen is. ''Club International'' hat ek in digitaal foarkommen op 'e offisjele webside fan PRP, dêr't wól de pornografyske ynhâld te sjen is dy't net yn it blêd sels foarkomt.
 
==Keppelings om utens==