Point of view: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurkar
L red
Rigel 1:
'''''Point of view''''' of '''POV''' (wat "gesichtspunt" betsjut), of ek wol in '''subjektive kamera''' neamd, is in filmtechniek wêrby't it byld werjout wat ien fan 'e personaazjes sjocht. Yn tradysjonele [[film]]s wurdt soks yn 'e regel allinne mar brûkt foar flitsen of koarte sênes, en dêr wurdt faak oanjûn dat it in ''point of view''-opname is, troch it nei de opname wêryn't it personaazje earne nei sjocht te setten, en foàr de opname dêr't syn/har reäksje út blykt. It komt ek foar dat de ''point of view''-opname oer it skouder fan it personaazje filme wurdt, út it gesichtspunt fan 'e net-oanwêzige trêde man; sadwaande wurdt dy technyk ''third man point of view'' neamd. Soms, as de ''point of view''-opname it gesichtspunt fan in bist sjen litte moat, wurdt it yn [[swart-wyt]] filme of op oare manearen ferwrongen of miskleure werjûn. ''Point of view'' is ien fan 'e fûneminten fan 'e [[kamerarezjy]].
 
By it bredere publyk is ''point of view'' tsjintwurdich benammen bekend as in foarm fan [[pornografyske film]], wêrby't it [[geslachtsferkear]] filme is út it gesichtspunt wei fan 'e akteur dy't seksuële omgong hat mei ien of mear [[pornoaktrise|aktrises]]. De bedoeling dêrfan is om 'e sjogger it idee te jaan dat de aktrise(s) mei himsels oan it omslaan binne. POV-films hawwe har de lêste fyftjin jier ta in tige populêr subsjenre fan 'e [[pornografy]] ûntwikkele.