Seksuele oriïntaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 okt 2013 om 18.32

Seksuële oriïntaasje is in oanberne en yn prinsipe net te feroarjen ûnderdiel fan 'e minsklike persoanlikheid. It is dy persoanlike kwaliteit dy't minsken in seksuële oantrekking foar oare persoanen oer fiele lit, faak yn kombinaasje mei in gefoel fan romantyk. Oer it algemien kin steld wurde dat der trije seksuële oriïntaasjes besteane: heteroseksualiteit, homoseksualiteit en biseksualiteit, wêrby't men jin oanlutsen fielt troch resp. lju fan it tsjinstelde geslacht, lju fan itselde geslacht of lju fan beide geslachten. As fjirde kategory wurdt soms noch aseksualiteit tafoege, dat it brekme fan it fielen fan seksuële oantrekking ynhâldt. By eltse minske sil ien fan dizze fjouwer kategoryen in wichtich diel fan syn of har seksuële identiteit útmeitsje. Oare oantsjuttings op dit mêd, lykas panseksualiteit of polyseksualiteit, binne eins nije yndielings foar âlde begripen.

Der bestiet in grutte oerlaping fan seksuële oriïntaasje mei it begryp seksuële foarkar, mar yn psychologysk ûndersyk wurdt ornaris ûnderskie tusken dy beide termen makke: immen dy't him- of harsels sjocht as biseksueel, kin dêrby noch wol in foarkar hawwe foar persoanen fan it iene geslacht boppe dy fan it oare geslacht. Seksuële foarkar ymplisearret fierders in beskate mjitte fan frijwillige kar, wylst de wittenskip it deroer iens is dat der oan seksuële oriïntaasje neat frijwillichs is. It is lykwols noch ûndúdlik wêrom't of hoe't minsken oan 'e iene of de oare seksuële oriïntaasje komme; saakkundigen binne fan miening dat de antwurden op sokke fragen socht wurde moatte yn biologyske faktoaren of de iere ûntwikkeling fan 'e foetus yn 'e limoer, of mooglik in kombinaasje fan beide. Oars as dat wol tocht wurdt, bestiet der gjin inkeld bewiis dat suggerearret dat seksuële oriïntaasje beynfloede wurdt of wurde kin troch jonkheidsûnderfinings of de manear wêrop't immen grutbrocht is. Wol hat wittenskiplik ûndersyk oantoand dat de minsklike seksualiteit net bestiet út isolearre hetero-, homo- en biseksuële hokjes, mar út in trochgeande bôge mei folsleine heteroseksualiteit oan 'e iene útein, folsleine homoseksualiteit oan 'e oare útein, en lykwichtige biseksualiteit yn 'e midden. Dy tinkbyldige bôge wurdt it heteroseksueel-homoseksuële kontinuum neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.