Twongen prostitúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L skriuwfl
Rigel 1:
'''Twongen prostitúsje''', ek wol '''ûnfrijwillige prostitúsje''' neamd, is it ûnder twang hawwen fan [[geslachtsferkear]] mei immen dy't dêrfoar betellet. Mei dit soarte fan [[prostitúsje]], dy't ôftwongen wurdt troch in trêde partij, giet faak in foarm fan finzenskip mank, wylst it jild dat dermei fertsjinne wurdt yn 'e regel ek grutdiels of sels hielendal yn 'e bûsen fan dy trêde partij ferdwynt. Frijwol alle foarmen fan twongen prostitúsje binne sadwaande te beflappen ûnder it begryp [[seksuële slavernij]]. In goed en ek frij bekend foarbyld fan ynstitúsjonalisearre twongen prostitúsje binne de saneamde "[[treastfamkes]]", Westerske en lânseigen jongfammen út [[East-Aazje|East-]] en [[Súdeast-Aazje]], dy't yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] twongen waarden en tsjinje as [[prostituee]]s de soldaten fan it [[Japansk]]e besettingsleger.
 
Mar twongen prostitúsje komt ek hjoed de dei noch in protte foar, ek yn [[Nederlân]], wêrby't it faak mank giet mei [[frouljushannel]]. Sûnt de fal fan it [[Izeren Gerdyn|Izerne Gerdyn]] wurde allegeduerigen froulju út [[East-Jeropa]] mei moaie ûnthjitten nei [[West-Jeropa]] ta lokke troch kriminelen dy't gjin skrupules hawwe. Se miene dan bgl. dat se ''au-pair'' of [[fotomodel]] wurde sille, mar as se ienris op 'e bestimming oankommen binne, wurde se ynstee twongen om yn 'e prostitúsje te wurkjen. Twongen prostitúsje is yn frijwol alle lannen yllegaal. As it yn oarlochssitewaasjes bardbart, kin it ûnder de [[misdieden tsjin de minsklikheid]] falle.
 
{{boarnen|boarnefernijing=