Oarlochsferkrêfting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L + plaatsje, mei tank oan Drewes
Rigel 1:
[[File:Nanjing Massacre rape killed.jpg|right|thumb|250px|In slachtoffer fan oarlochsferkêfting yn it [[Sina|Sineeske]] [[Xuzhou]], ûnder it troch de [[Japan]]ske besetters yn [[1937]] oanrjochte [[Bloedbad fan Nanking]].]]
'''Oarlochsferkrêfting''' is in foarm fan [[ferkrêfting]] dêr't militêren, leden fan oare stridende partijen of gewoane boargers har skuldich oan meitsje ûnder in oarloch, in wapene konflikt of in militêre besetting. It omfettet ek sitewaasjes wêrby't froulju en/of famkes troch in besettende macht [[twongen prostitúsje|twongen wurde ta prostitúsje]] of yn in posysje fan [[seksuële slavernij]] bedarje. Oarlochsferkrêfting moat net betize wurde mei [[ferkrêfting yn it leger]], wêrby't dieders en slachtoffers ta deselde kant hearre en dat boppedat ek yn fredestiid foarkomt.