Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + grut stik oanfolling
L Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia - Link equal to linktext (v1.29b)
Rigel 24:
De ''Ilias'' set útein ''[[in medias res]]'' (d.w.s. middenyn 'e ferwikkelings). [[Chryseïs]], de dochter fan [[Chryses]], in [[Troaje|Trojaansk]] preester fan [[Apollo]], is finzen nommen troch de [[Griken.]] Hy biedt de Griken in kaptaal oan om har werom te krijen, mar [[Agamemnon]], de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan it Grykske leger, dy't it fanke ta [[bysliep]] nommen hat, wegeret dêr op yn te gean, ek al liket it de oare Grykske lieders skoan ta en nim it losjild oan. Dêrop bidt Chryses oan 'e god Apollo om help, en Apollo lit in grutte pestilinsje oer it Grykske leger komme. Nei njoggen dagen ropt [[Achilles]], de suver ûnoerwinlike Grykske oarlochsheld en de lieder fan it [[Myrmidoanen|Myrmidoanske]] kontingint, in gearkomste fan 'e Grykske oanfierders byinoar. Under druk fan 'e oaren jout Agamemnon dan einlings ta en stimt deryn ta om Chryseïs werom te stjoeren nei har heit, mar as kompinsaasje easket er dan [[Briseïs]] op, in oar finzen nommen Trojaansk fanke, dat Achilles ta bysliep nommen hie. Achilles wurdt dan poermâl en ferklearret dat er leaver sûnder wat bedijd te hawwen nei hûs gean wol as ea noch ûnder Agamemnon te fjochtsjen. Nei ôfrin fan 'e gearkomste eskortearret [[Odysseus]], de kening fan [[Itaka]], Chryseïs nei har heit ta, wêrop't Apollo de pestilinsje fan 'e Griken weinimt.
 
As Agamemnon syn ûnderhearrigen dan Briseïs by Achilles weihelje, ropt dyselde syn mem, de seegoadinne [[Tetis]], oan om 'e oergod [[Seus]] te freegjen en bring it Grykske leger sa yn 'e benearing dat Agamemnon syn grutskens opite moat en twongen wêze sil om Achilles te fersykjen om werom te kommen. Tetis docht wat har soan freget en Seus stimt deryn ta; hy stjoert Agamemnon in dream wêryn't er him oantrunet om te besykjen Troaje mei in bestoarming yn te nimmen. Agamemnon leaut dat it in foarsizzende dream is en lit syn leger optsjen. Op 'e flakte foar de stêd moetsje de Griken de Trojanen, dy't ta de stêd útkommen binne om 'e slach oan te gean. Der wurdt in wapenstilstân sletten en beide siden stimme deryn ta om ynstee fan in fjildslach út te fjochtsjen, har te hâlden oan 'e útkomst fan in duël tusken [[Paris]] en [[Menelaos|Menelaos]], de kening fan [[Sparta]]. Paris wurdt ferslein, mar ear't Menelaos him deadzje kin, wurdt er rêden troch de goadinne [[Afrodite]].
 
Troch tadwaan fan 'e goaden wurdt de wapenstilstân ferbrutsen en komt it dochs noch ta in fjildslach. Dêrby bejouwe ek de goaden har op it slachfjild; op oantrún fan 'e goadinne [[Atene (goadinne)|Atene]] ferwûnet [[Diomedes]], de soan fan 'e Grykske kening fan [[Argos]], sawol Afrodite as de oarlochsgod [[Ares]]. De Trojaanske held en kroanprins [[Hektor]] wit in Trojaanske nederlaach foar te kommen troch in op gong kommende flecht yn 'e kym te smoaren, fersterkings út 'e stêd op te heljen en in twagefjocht oan te gean mei de Grykske held [[Ajaks de Mânskere]], de kening fan [[Salamis (eilân)|Salamis]]. It fallen fan 'e nacht makket in ein oan 'e striid. De oare deis giet it fannijs oan, mei as ferskil dat Seus dan de oare goaden ferbiedt en gryp yn. No't de Griken net mear holpen wurde troch Atene en [[Heara]], wurde de Trojanen harren oermânsk, en it Grykske leger wurdt weromdreaun nei syn fersterke kamp op it strân. By it fallen fan 'e nacht wurde se dêr troch de Trojanen belegere.