Testamint fan Adam: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Nije side |
(Gjin ferskil)
|
De ferzje fan 19 okt 2013 om 21.32
It Testamint fan Adam is in algemien as apokryf beskôge, kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Adam, de earste minske, dat oerlevere is yn it Syrysk en it Arabysk. It ierste bewarre bleaune manuskript komt út 'e sechsde ieu, mar de tekst op himsels moat datearre wurde yn 'e fjirde ieu, en is wierskynlik oarspronklik ôfkomstich út 'e stêd Edessa, yn noardlik Mesopotaamje. Neffens it Testamint fan Adam sels binne yn it geskrift Adam syn lêste wurden fêstlein, dy't er spriek ta syn soan Set, yn 'e foarm fan in gebed, folge troch profesijen oer de Sûndfloed en de komst fan 'e messias Jezus Kristus.