Dam Jaarsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2691633
oanflkje
Rigel 2:
'''Adam Aukes Jaarsma''' (''Dam''), ([[Eastermar]], [[29 july]] [[1914]] - [[Drachten]], [[10 july]] [[1991]]) wie in predikant en skriuwer. Nei in teologyske studzje yn [[Grins (stêd)|Grins]] waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarme tsjerke. Hy wie folklorist en samler fan [[folkskeunst]] en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettings út it [[Dútsk]] en [[Ingelsk]]). Fierders 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei Jelle van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en samle yn opdracht fan it (lettere) [[Meertens Ynstitút]] sa'n 15.000 folksferhalen, fral út [[De Wâlden]]. Op dit mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei [[Ype Poortinga]].
 
Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus ''Het Bureau'' fan de Nederlânske skriuwer [[J. Voskuil]] as J.J. Damsma.
 
Jaarsma stoar july 1991 yn sikehûs '[[Nij Smellinghe]]' yn [[Drachten]].
== Bibliografy ==
*''Van een oud vrouwtje, een pannekoek en een varken'' (1954) útjouwerij Laverman, Drachten (yn 1962 yn twadde printinge ferskynd as ''Fan in âld wyfke, in pankoek en in baerch: dit âlde mearke waerd út 'e folksmûle optekene en biwurke'' en yn 1981 opnij útbrocht troch de Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje, Ljouwert)