Finzenisferkrêfting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Rigel 5:
 
==De Feriene Steaten==
Neffens init ferslach (titele: ''Sexual Victimization in Prisons and Jails Reported by Inmates'') fan it [[AmerikaanskeAmerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken]] hawwe yn [[2011]]-[[2012]] nei skatting 4,0% fan 'e finzenen yn federale finzenissen en 3,2% fan 'e finzenen yn oare tichthuzen in klacht yntsjinne oer seksueel misbrûk troch in oare finzene of troch finzenispersoniel. Hoewol't dat persintaazje al folle heger leit as bûten finzenissen, moat it wiere oandiel noch folle heger lizze, mei't de measte finzenen gjin offisjele klacht yntsjinje sille. Yn it foarste plak spilet skamte dêrby in wichtige rol, perfoarst as it giet om in manlike finzene dy't troch in oare manlike finzene misbrûkt of ferkrêfte is, en oard moat jin deroer te oppenearjen grif gefaarlik wêze (of lykje te wêzen) foar it slachtoffer sels, yn it bysûnder as de dieder of dieders sipiers binne.
 
It AmerikaanskeAmerikaansk [[Federale Buro fan Finzenissen]] rûsde yn [[1992]] dan ek dat it persintaazje fan finzenen dat ûnder harren straf seksueel misbrûkt wurdt tusken de 9 en 20% lizze moat. Ut ûndersiken út [[1982]] en [[1996]] waard opmakke dat it foarkommen om 'e 14% hinne lei, wylst in stúdzje fan [[Daniel Lockwood]], út [[1986]], dat him beheinde ta [[ekstra befeilige ynrjochtingsynrjochting]]s yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[New York (steat)|New York]], it om 'e 23% hinne hawwe woe. Dêrtsjin stekt it ûndersyk fan [[Christine Saum]], út [[1994]], skril ôf; neffens har lei it persintaazje om 'e 5% hinne. De ''Prison Rape Elimination Act of 2003'' wie de earste Amerikaanske federale [[wet]] dy't spesifyk bedoeld wie om finzenisferkrêfting tsjin te gean.
 
===Misbrûk fan froulike finzenen troch sipiers===
In spesifike foarm fan finzenisferkrêfting is it misbrûk troch manlike sipiers fan froulike finzenen. Neffens in ferslach fan ''[[Amnesty International]]'', út [[1999]], bestie doe 41% fan alle sipiers yn Amerikaanske frouljusfinzenissen en op frouljusôfdielings fan mingde finzenissen út manlju. Boppedat meie yn 'e Feriene Steaten, oars as dat yn 'e measte oare Westerske lannen it gefal is, manlike sipiers froulike finzenen fûljearje en tasjen as froulike finzenen dûse en harren oan- en útklaaie. Ek wie it (yn 1999) yn trettjin Amerikaanske steaten legaal dat sipiers en finzenen [[seks]] mei-inoar hiene.
 
Neffens de [[minskerjochten|minskerjochte-organisaasje]] laten sokke praktiken ta wantastannen wêrby't froulike finzenen geregeldwei ûnseedlik betaast en ferkrêfte waarden troch de manlike sipiers, en sels as [[seksuële slavernij|seksslavinnen]] ferkocht waarden oan manlike finzenen. Fierders hikkele ''Amnesty Itenatioal'' de minne ôfhanneling fan klachten fan froulike finzenen oer seksueel misbrûk en it feit dat dieders mar amperoan bestraft waarden. ''Amnesty'' krong der by de Amerikaanske oerheid op oan om tenei inkeld mar mear froulike sipiers yn te setten yn frouljusfinzenissen en -ôfdielings. ''"De froulju binne feroardiele ta finzenisstraf, en net ta seksueel misbrûk,"'' sa skreau de minskerjochte-organisaasje.<ref>''Bewakers misbruiken vrouwen in cellen VS'', Parys, parseberjocht AFP, Reuters, yn: de ''Ljouwerter Krante'', 4 maart 1999.</ref>