Jacobus Johannes Westendorp Boerma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa
L red. heite
Rigel 4:
Koos Westendorp Boerma wie in soan fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke|herfoarme]] [[predikant]] en lettere [[heechlearaar]] [[Nicolaas Westendorp Boerma]] en Henderika Johanna Cremer. Nei it dienmeitsjen fan syn [[Steedlik Gymnasium Ljouwert|gymnasium]]oplieding yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] studearre er [[skiednis]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Yn de lêste faze fan syn stúdzje die er ûndersyk nei de skiednis fan de [[Nederlandsche Handel-Maatschappij]]. Yn 1926 slagge er foar it doktoraaleksamen en 1927 promovearre er op it proefskrift ''[[Johannes van den Bosch]] als sociaal hervormer: de [[Maatschappij van Weldadigheid]]''. Syn [[promotor (heechlearaar)|promotor]] wie [[Hajo Brugmans|H. Brugmans]].
 
Ek nei syn stúdzjetiid bleefhâlde hijer zichyntresse interesseren voorfoar de figuer Van den Bosch. Troch kontakten mei dy famylje krige er Van den Bosch syn korrespondinsje ta foldwaan. Westendorp Boerma publisearre op grûn dêrfan de briefwikseling tusken Johannes van den Bosch en [[Jean Chrétien Baud (1789-1859)|Jean Chrétien Baud]], út de perioade dat sy efterelkoar [[List fan gûverneurs-generaal fan Nederlânsk-Ynje|gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje]] wiene.
 
Ein 1927 boaske Westendorp Boerma yn [[Frankfurt am Main|Frankfort]] mei de maatskaplik wurkster Gertrud Schlosser. Koart skoft earder wie er yn Zierikzee learaar oan de [[HBS|Ryks HBS]] wurden. Hy publisearre oer de skiednis fan dat plak en wie belutsen by it realisearjen fan it gemeentlik histoarysk museum en krewearre foar it behâld fan monuminten yn Zierikzee. Dêrnjonken skreau er 1933-35 in ''Leerboek der geschiedenis'' (twa diele) dat oant yn de jierren sechtich op in soad [[fuortset ûnderwiis|middelbere skoallen]] brûkt waard. Yn 1938 waard er direkteur fan de HBS en yn 1946 [[rektor (skoalle)|rektor]] fan it wilens foarme [[lyseüm]]. Hy gong yn 1967 mei pinsjoen en wie doe op'en nij dwaande mei ûndersyk nei Johannes van den Bosch en neisieten, doe't er septimber 1970 mei 68 jier ferstoar.