Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

L
[[]]
(→‎Ferskaat: nij boek)
L ([[]])
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn [[Harns (stêd)|Harns]] studearre er [[politikology]] ([[Amsterdam]]) en skiednis ([[Universiteit fan Grins|Grins]]), mar makke dy opliedings net ôf. Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Yn dy tiid begûn er mei de stúdzje skiednis en waard frege om leden fan it fredesleger yn [[Bosnje]] les te jaan oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dat lân. Yn [[1996]] waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn [[1999]] waard er, in fersetsdie tsjin de [[Navo]]-bombardeminten op [[Servje en Montenegro]], korrespondint yn [[Belgrado]] foar it ANP, [[Trouw]] en Elsevier. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by Elsevier. Febrewaris 2003 naam Abe de Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk]], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op [[ynternet]] yn syn ienmanstydskrift 'Oranzjery De Kopspiker', yn 2010 opfolge troch 'Seedyksterfeartfisk'. Begjin 2005 folge hy [[Jabik Veenbaas|Veenbaas]] op as proazaresinsint by de [[Ljouwerter Krante]]; dat die er oant oktober [[2006]] doe't er útjouwer waard by de [[Friese Pers Boekerij]]/Noordboek (oant maaie 2011). Sûnt maaie 2011 skriuwt er foar it [[Frysk Deiblêd]] resinsjes fan Fryske poëzij, essayïstyske publikaasjes en oer algemien-kulturele ûnderwerpen. Ek hat er elke wike de kollum 'Skroeier' yn it FD.
 
Yn syn jeugd skreau er al Nederlânsktalige fersen. Abe de Vries debutearre yn de hjerst fan 2002 as dichter mei de bondel ''De weromkommer yn it ûnlân''. Gedichten út de bondel waarden earder yn [[Trotwaer]], [[Hjir]] en [[Kistwurk]] publisearre. Foar Kistwurk wie er ek redaksjelid.
 
Yn syn iere poëzij besocht er in lykwicht te finen tusken it hjoed en syn ferlerne jeugd yn Winaam, mei dêroan besibbe it tema fan de ferlerne leafde. Ek East-Europa wie yn dy perioade gauris ûnderwerp fan syn fersen. Letter is de leafde, it sykjen dernei, it finen en it wer ferliezen derfan, sintraal yn syn dichtsjen kommen te stean. Dêrneist fynt men yn syn dichtsjen ek gauris omtinken foar it lot fan de taal, de noardlike Fryske kuststreek en de posysje fan de Frysktalige keunstner. Syn lyryske poëzij lit in ûntjouwing sjen fan benammen byld-oriïntearre gedichten nei in bredere, mear ferheljende poëzij dêr't de muzyk fan de taal alle romte yn krijt.
Yn [[2005]] krige De Vries de [[Gysbert Japicxpriis]] foar syn twadde bondel ''In waarm wek altyd''. Hy is dêrmei, neist [[Trinus Riemersma]], [[Jan Wybenga]] en [[Willem Abma]] de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre. Dêrneist is Abe de Vries ien fan de belangrykste essayskriuwers[[essay]]skriuwers oer Fryske poëzij.
 
Yn jannewaris [[2013]] ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. De twatalige bondel is útjûn troch de Nederlânske útjouwerij ''de Contrabas'' oparbeidzjend mei de yn 2012 oprjochte Fryske útjouwerij '[[HotSum]]'. HotSum hat as doel it útjaan fan twatalige poëzij en Fryske essaybondels.