Miguel de Barrios: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Libben: [[]] oars
Rigel 4:
Miguel de Barrios waard om [[1625]] hinne berne yn in ''converso''-famylje, yn it Spaanske [[Montilla]]. Syn âlden wiene Simon de Barrios (dy't himsels ek wol fan Jacob Levi Caniso neamde) en Sarah Valle. Om oan 'e ferfolging troch de [[Spaanske Ynkwisysje]] te ûntkommen, flechte Barrios nei [[Portegal]] ta, dêr't er in hoart tahold yn [[Marialva]] en ek yn 'e omkriten fan [[Villa-Flor]]. Mei't er him yn Portegal likemin feilich fielde, bejoech er him nei [[Algerije]], en letter nei [[Nice]], dat no yn [[Frankryk|Súd-Frankryk]] leit, mar dat doedestiden noch in [[Italjaansk]]talige stêd wie. In muoike fan sines oan heitekant wie dêr troud mei in Abraham de Torres, dat sadwaande. Langer ferbleau er lykwols yn [[Livorno]], dêr't in oare muoike fan him wenne, dy't mei in Isaac Cohen de Sosa troud wie. Dy beprate him om himsels iepentlik ta [[joadendom|joad]] te ferklearjen.
 
Koarte tiid letter troude Barrios mei Deborah Vaez, in famyljelid fan syn sweager Eliahu Vaez, út Algerije. It pear besleat om [[Jeropa]] en de swierrichheden dy't Joaden dêr hiene efter har te litten, en op [[20 july]] [[1660]] setten se mei goed 150 oare joaden op in skip ôf nei [[West-Ynje]]. Koart nei't se op [[Trinidad en Tobago|Tobago]] oankommen wiene, kaam Deborah lykwols te ferstjerren, en dêrop besleat Barrios om werom te gean nei Jeropa. Hy bedarre yn 'e [[Súdlike Nederlannen]], dy't doedestiden noch yn Spaanske hannen ferkearden. Nei't er him yn [[Brussel]] nei wenjen set hie, naam er tsjinst yn it Spaanske leger.
 
Yn Brussel brocht er guon fan syn lokkichste jierren troch, iroanysk genôch yn it selskip fan 'e Spaanske en Portegeeske [[adel|eallju]] dy't him ferachte hawwe soene om syn komôf, as se der fan witten hiene. Al rillegau klom er op ta de rang fan [[kaptein (rang)|kaptein]]. Yn [[1662]] wertroude er mei Abigail, in dochter fan [[Isaac de Pina]]. Brussel wie ek wêr't er syn bêste literêre wurken skreau, lykas syn ''Flor de Apolo'' ("De Blom fan Apollo"), in bondel dy't û.m. 62 [[sonnet]]ten en de trije [[komeedzje]]s ''El Canto Junto al Encanto'', ''Pedir Favor al Contrario'' en ''El Español en Orán'' omfette. Fierders risselwearre er om syn [[magnum opus]] te skriuwen, in [[epos]] oer de ''[[Pentateûch]]'', dat er ferdiele woe yn tolve parten, dy't elts oan in oare Jeropeeske hearsker opdroegen wurde soene. Hy woe it ''Imperio de Dios en la Harmonia del Mundo'' ("It Ryk Gods yn 'e Harmony fan 'e Wrâld") neame, en wie al gâns in ein hinne mei syn plannen, doe't de pleatslike rie fan warders en [[rabbyn|rabbinen]] him der tastimming foar wegere, mei't se bang wiene dat it wurk de wet fan God besmodzgje soe.
Rigel 10:
Dat wie nei [[1674]], doe't Barrios de Spaanske tsjinst efter him litten hie en nei [[Amsterdam]] ta ferfearn wie, dêr't er him by de folgelingen fan 'e rabbyn [[Sabbatai Zevi]] joech. Hy leaude fêst dat de [[messias]] op 'e [[Joadske nijjier|joadske nijjiersdei]] fan it jier 5435 (1675) ferskine soe. Op it [[Pesach]]feest dat oan dy hjeldei foarôfgie, rekke er ynienen net goed by de holle. Hy [[fêstjen|fêste]] fjouwer dagen efterinoar en rekke sa yn 'e minnichte dat foar syn libben freze waard. Pas doe't de foaroansteande rabbyn [[Jacob Sasportas]], dy't er rieplachte hie oangeande ''Harmonia del Mundo'', en by wa't er heech opseach, derby helle waard, koed er derta brocht wurde om wer mei iten te begjinnen, sadat er stadichoan opbettere.
 
De rest fan syn libben brocht Barrios yn earmoedige omstannichheden troch. Om itende te bliuwen, dichte er lofsangen op 'e rike leden fan 'e Sefardyske mienskip yn Amsterdam, ta sawol blide as drôve gelegenheden, en teffens droech er syn oare gedichten oan harren op. Syn wurken binne faak de iennichste boarnen dy't hjoeddeistige histoarisy fine kinne oangeande Joadske learden, [[filantropy]]ske ynstituten en religieuze akademys út dy tiid, al is syn ynformaasje net altiten like betrouber, mei't er syn jildsjitters fansels net op 't sear komme woe (it âlde sprekwurd "waans brea men yt, waans wurd men sprekt" yn syn meast letterlike betsjutting). Teffens skreau er skiedkundige wurken, lykas ''Relación de los Poetas y Escritores Españoles de la Nación Judáica Amstelodana'', út [[1683]], dat oer de Joadske skriftlearden fan Amsterdam giet. Barrios stoar begjin [[1701]], en waard begroeven njonken syn frou Abigail, dy't al yn [[1686]] ferstoarn wie. It troch himsels skreaune Spaansktalige grêfskrift wie sa: ''"Daniel en Abigail Levi binne hjir no fannijs feriene. Leafde ferbûn harren sielen; no ferbynt in stien harren liken. Safolle holden se by libben faninoar, dat se sels nei de dea ien wêze sille"''.
 
==Wurk==