Rely Jorritsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+lit
L red
Rigel 1:
'''Rely Jorritsma''', folút '''Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma''', ([[11 febrewaris]] [[1905]], [[Jellum]] - [[1 oktober]] [[1952]], [[Ressen]]) wie in [[Frysk|Fryske]] dichter/ en skriuwer. Njonken syn literêre wurk is hy bekend fan de troch him by testamint yn it libben roppen [[Rely Jorritsmapriis]].
 
Rely Jorritsma waard op 11 febrewaris 1905 berne teyn Jellum as soan fan de rikebegoedige Hotze Jorritsma en Emilie Rappard. Op de legere skoalle bliuw er in kear sitten (en krige doe fan syn heit in ezel, dêr't dy him in [[hynder]] foarsein hie as er oergong). UndanksNettsjinsteande dat rûn er de [[h.b.s.]] flot troch. Yn [[1924]] stie er ynskreaun as studint fan de [[Katolike Universiteit fan Nymwegen]], neidat er frijlotte wie foar de militêre tsjinst. Fan [[1926]] oant [[1927]] wiehold hy te finener yn [[Arnhim]] ta dêr't er in literêre leargong folge. Nei't er yn [[1929]] en [[1930]] by it [[Utrechtsch Dagblad]] wurke hie as aspirant-sjoernalist en noch in skoftke yn [[Utert (stêd)|Utert]] as frijwilliger yn in boekwinkel wurke hie, sette hyer yn maaie [[1931]] wer op Nijmegen oan.
 
Hy kearde de literatuer foarearst de rêch ta en lei him ta op it tekenjen en skilderjen. Oant [[1934]] folge er de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhim. Hy helle dêr de l.û-akte tekenjen. OmtOm't er yn 1934 sakke foar it talittinseksamentalittingsseksamen fan de keunstakademy yn [[Amsterdam]], gie Rely nei de akademy yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]]. Hy keas al rillegau foar in partikuliere oplieding. Syn learmaster waard de Antwerpske keunstskilder [[Albert Thijs]]. Yn [[1935]] sette Jorritsma wer op hûs oan.
 
Werom yn Nijmegen by syn heit, syn mem wie yn [[1934]] ferstoarn, hie Rely in soad kontakt mei in groep jonge keunstners.; Meimei harren eksposearre er yn [[1935]] en sesy joegen ûnder de namme [[Zwarte Kraaien]], in literêr tydskrift út. Ferzen út syn Arnhimske stúdzjetiid waarden opnommen yn it blêd [[Jonge Kunst]]. Hy publisearre fierder ûnder oaren yn de [[Ljouwerter Krante]], [[Sljucht en Rjucht]], [[It Heitelân]] en [[De Holder]].
Hy publisearre fierder ûnder oaren yn de [[Ljouwerter Krante]], [[Sljucht en Rjucht]], [[It Heitelân]] en [[De Holder]].
 
Rely Jorritsma hat fierder nei de [[Twadde Wrâldkriich|oarloch]] fan him jilde litten mei syn histoaryske rubryk ''[[Tussen Maas en Rijn]]'' yn de [[Nijmeegse Courant]].
 
Om't er foar syn kwaal, [[multiple sclerose|m.s.]] fersoarge wurde moast, kaam er yn de hjerst fan [[1950]] telâne yn 'Klein Jagtlust' yn [[It Oranjewâld]]. Yn de neisimmer fan [[1952]] ferfarre Rely Jorritsma nei [[Ressen]], dêr't er op 1 oktober 1952 te ferstjerren kaam.
 
====Syn wurk====
Line 16 ⟶ 15:
it al in jiermennich earder makke en opstjoerd. Op inisjatyf fan [[Reinder Brolsma]] waard it fers dochs pleatst en sadwaande waard Brolsma troch Rely as syn 'ûntdekker' sjoen.
 
Der binne fan de hân fan Rely Jorritsma njonken in tal praozaproaza-stikken sa'n 170 Fryske fersen ferskynd yn ferskate tydskriften. Yn bondelfoarm binne syn Fryske ferzen nea útjûn. Ut de oantekensoantekenings dy't Rely neilitten hat blykt wol dat er soks fan doel west hat, mar it is der nea fan kommen. Allinne de HollânstaligeNederlânsktalige bondel ''Idille in het Nederrijk'' is yn boekfoarm ferskynd.
 
== Literatuer ==