Ferskil tusken ferzjes fan "Ids Wiersma"

10 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2682769)
L
Yn 1891 krige er syn earste grutte opdracht foar muorreskilderings yn it nije gebou fan de Ryksmunt yn [[Utert (stêd)|Utert]].
 
Yn 1918 yllustrearre Ids Wiersma de nije útjefte fan de ''[[Rimen en teltsjes]]'' fan de [[Bruorren Halbertsma]].
 
Hy sette him tenei wenjen yn [[Drachten]]. De Suvelbank joech him de opdracht om it Fryske boerelibben om 1900 hinne fêst te lizzen yn oaljeferve-skilderijen.
 
Nei 1929 is er dêr fierder mei gien. Yn tekenings hat er it boerelibben hast dokumintêr fêstlein.
 
Ids Wiersma wurdt wol de 'ferteller mei de pinne' neamd. Hy is beynfloede troch de [[Haachske Skoalle]] en de skilderkeunst yn de 17de ieu.
 
Ids Wiersma ferstoar op 24 augustus 1965 te Dokkum. Hy wenne op dat stuit yn it ferpleechhûs Nij Toutenburg yn [[Noardburgum]].
Yn 1978 kaam ûnder redaksje fan [[J.J. Kalma]] en oaren it boek ''Ids Wiersma, tekenje foar Fryslân'' út. Hjiryn stiet in oersjoch fan syn wurk.
 
Yn Brantgum waard in stjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan [[Gosse Dam]]. YnEk itseldeyn plakBrantgum is men dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak jaan.
 
== Sjen ==