A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L bettere foto
L →‎Eftergrûn: [[]] oars
Rigel 9:
De (úteinlike) titel fan ''A Civil Campaign'' is in ferwizing nei it boek ''A Civil Contract'' fan 'e njoggentjinde-ieuske [[Ingelân|Ingelske]] skriuwster [[Georgette Heyer]], fan wa't Bujold in grutte fan is. Bujold neamt Heyer ek yn 'e mande mei [[Charlotte Brontë]], [[Dorothy L. Sayers]] en [[Jane Austen]] as har grutste ynfloeden by it skriuwen fan ''A Civil Campaign'', al is hàr boek net inkeld [[Romantyk|romantysk]] mar dêrnjonken ek komysk mei hjir en dêr in úthaal nei klearebare hilariteit ta. Bujold seit dêroer: ''"Wat bart der mei twa sjenres wêrfan't beweard wurdt dat se net te mingen binne, as je se tegearre yn in flesse stopje en dy ris goed skodzje?"''<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 860.</ref>
 
''A Civil Campaign'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] fanút it gesichtspunt fan twa en in heal pearke (fiif persoanen), te witten Miles Vorkosigan; Ekaterin Vorsoisson, dy't Miles syn begearen is; Miles syn [[kloan]]-broer Mark Vorkosigan; Mark syn freondinne Kareen Koudelka; en Miles syn loaibûse fan in neef Ivan Vorpatril. ''A Civil Campaign'' waard foar it earst útjûn troch [[útjouwerij]] ''Baen Books'' yn 1999. It makke yn [[2008]] diel út fan 'e omnibus ''Miles in Love'' (in titel dy't de skriuwster oernaam fan 'e [[Hollywood]]-[[spylfilmfilm]] ''[[Shakespeare in Love]]''), yn 'e mande mei syn oarehelte ''[[Komarr]]'' en de nau besibbe [[novelle]] ''[[Winterfair Gifts]]''.
 
==Plot==