Paraguay is een land waar ze alleen maar ferrari's hebben en de koning daarvan is Thijs
{{Lântabel|
zijn beste vriend is dominic di coco en scaramanga is zijn tepel aan t zoeken en hendrik de bonbon loopt ook nog wel ergens rond
eigennamme = República del Paraguay<br />Tetã Paraguái |
namme = Paraguay |
flagge = Flag of Paraguay.svg |
wapen =Coat_of_arms_of_Paraguay.svg |
lokaasje = LocationParaguay.svg |
motto = |
taal = [[Spaansk]] |
haadstêd = Asunción |
steatsfoarm = Republyk |
oerflak = 406.752|
pctwetter = |
ynwenners = 6.669.086| teljier = 2007|
munt = guaraní | muntkoade = PYG |
tiidsone = -4 |
feestdei = [[15 maaie]] |
folksliet = Paraguayos, Républica o muerte|
lânkoade = PRY |
ynternet = |
tillefoan = 595 |
}}
'''Paraguay''' is in lân yn [[Súd]]-[[Amearika]]. De haadstêd is [[Asunción]].
== Geografy ==
=== Lizzing ===
Paraguay wurdt begrinzge troch:
* [[Bolivia]] yn it noardwesten;
* [[Brazylje]] yn it easten;
* [[Argentynje]] yn it suden.
=== Lânskip ===
Troch de [[Rio Paraguay]], dy't omjûn is mei [[sompe]]n, wurdt it lân yn twaën dield. Eastlik fan de rivier leit in mid-berchtme en de c''plato's'', yn it westen de flakten fan Gran Chaco. It noardeasten is in [[tropysk reinwâld]] dat yn it suden oergiet yn [[savanne]]n en gêrsflakten.
== Skiednis ==
Eartiids waard it gebiet fan it tsjintwurdige Paraguay bewenne troch [[Yndianen|Yndianestammen]]. Nei de ûntdekking fan it kontinint troch [[Kolumbus]] waard it suden yn [[1527]] ferkend troch de ûntdekkingsreizger [[Sebastiaan Cabot]]. Tsien jier letter stifte [[Domingo de Irala]] [[Asunción]] dat yn distiid haadstêd is. En tusken [[1609]] en om-ende-by 1760 waard de skiednis fan it lân foar in grut part bepaald troch it fan [[Jezuïeten]] laat ynstitút fan de 'Reducties' dat benammen rjochte wie op de beskerming en de ûntwikkeling fan fan de lânseigen [[Guaranys]].
Doe't Súd-Amearika begjin [[19e ieu]] har ôfskiede fan it [[Spanje|Spaanske]] memmelân, hearde Paraguay in skofke by [[Argentynje]], mar yn [[1811]] makke Asunción har los fan Buenos Aires en waard it in selsstannich lân. It lân rekke lykwols yn de ban fan diktators en de kriich tsjin [[Brazylje]] yn [[1864]], Argentynje en Bolivia yn [[1865]] koste it lân 5/6 fan har befolking. Revolúsjes soargen derfoar dat it lân mar net herstelle koe.
Yn de [[20e ieu]] moast Paraguay nei in konflikt mei Bolivia (1932-1936) trije fearns fan it omstriden [[Gran Chaco]] oerjaan. De kriich hie fan gefolgen dat totalitêre ideeën hieltyd mear de oerhân krigen en by de ferkiezings fan [[1954]] kaam generaal [[Alfredo Stroessner]] as ienige kandidaat oan de macht. Stroessner hold oant-en-mei [[1989]] it bewâld. Sûnttiids binne der, min of te mear, frije presidintsferkiezings.
== Demografy ==
=== Befolking ===
Paraguayanen binne foar it grutste part neisieten fan ymmigranten út ferskate Jeropeeske lannen, meast neisieten fan [[Spanje]]rts (fral Basken). In grutte minderheid fan de befolking stammet fan de oarspronklike bewenners, de [[Yndianen]]. It [[Spaansk]] is de offisjele taal. Troch de [[Yndianen|Yndiaanske]] minderheid wurdt lykwols ek [[Guarany (taal)|Guarany]] sprutsen, in Yndiaanske taal. Ek it Guarany is in offisjele taal yn Paraguay.
Dernjonken libje dêr ek [[menisten]] op de [[Chaco Boreal]]. Weach nei weach emigrearren sy sûnt de jierren 1920 fan Ruslân, Kanada en de Feriene Steaten nei Paraguay en stiften ferskate koloanjes yn it noardwesten fan it lân. Sy sprekke [[Dúts]] en binne frijwat op harren sels.
=== Religy ===
De oerhearskjende [[godstsjinst]] fan Paraguay is it [[Kristendom]]. Neffens opjeften út [[2002]] is 89.6% fan de befolking [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolyk]] en 7,3 % ([[Protestantisme|protestants]]).
[[Kategory:Paraguay]]
|