Andorra: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Bot - fuort: mhr:Андорра (strong connection between (2) fy:Andorra and mhr:Андорро) |
L WPCleaner v1.30 - Article with false <nowiki><br/></nowiki> - Reference tag in article double (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia) |
||
Rigel 35:
Andorra leit yn it suden fan Europa, yn de [[Pyreneeën]], ynklamme tusken it Frânske departemint [[Ariège]] yn it noarden en de Spaanske provinsje [[Kataloanje]] yn it suden. It lân hat in oerflak fan sa’n 468 km2, likernôch like grut as de [[Noardeastpolder]]. der wenje likernôch 80.000 minsken. Andorra hat in grinslingte fan 120,3 kilometer, wêrfan 56,6 kilometer mei Frankryk en 63,7 kilometer mei Spanje.<ref name=factbook>[https://www.cia.gov/library/publications/the-world-factbook/geos/an.html CIA Factbook] (sjoen op 18 novimber 2010)</ref>
It foarstendom leit heech yn de Pyreneeën en bestiet benammen út rûge bergen mei in trochsneed hichte fan 1.996 meter, wêrmei it it heechste lân fan Europa is. It leechste punt fan Andorra leit op 840 meter, oan de grins mei Spanje, it heechste punt is de 2.942 meter hege berch [[Coma Pedrosa]] yn it uterste westen fan it lân.<ref name=hichte>[http://www.andorratoerisme.com/NL/geografie.lasso Geografie], Andorra Toerisme (sjoen op 18 novimber 2010)</ref> Yn totaal binne der 65 berchtoppen dy’t boppe de 2.000 meter útstekke.<ref name="hichte
De berchen wurde fan mekoar skieden troch trije dellings dy’t yn in Y-foarm lizze. Dizze dellings falle gear op it punt dêr't de grutste rivier, de [[Gran Valira]], de grins mei Spanje oergiet. Dit is ek it leechste punt fan it lân, op in hichte fan 840 meter.
Rigel 46:
It klimaat yn it lân ferskilt bot nei de hichte fan it gebiet. De legere gebieten hawwe in klimaat dat te fergelykjen is mei de buorlannen, mei lytse ferskillen yn temperatuer en loftfochtigens. De gebieten boppe de [[beamgrins]] hawwe in heechberchtmeklimaat.
Jierliks falt der trochstrings 1.071,9 mm delslach. Dochs binne der grutte ferskillen. Sa falt yn it súdlike [[Sant Julià de Lòria]] 800 mm delslach it jier, wylst yn it noardlike [[Canillo]] 1.100 mm delslach falt. De droechste moannen binne [[jannewaris]] en [[febrewaris]], wylst de wietste moannen [[maaie]], [[juny]] en [[novimber]] binne. Al ier yn de [[hjerst]], [[oktober]], falt de earste snie yn Andorra. Boppe de 1.500 meter falt mear as de helt fan de delslach yn fêste foarm. <ref name="klimaat
== Polityk ==
Rigel 64:
{| class="wikitable"
|-bgcolor="#CCCCCC"
|rowspan="2" align="right" | '''Nr.''' || rowspan="2" align="center" | '''Parochy''' ||rowspan="2" align="center" | '''Gebiet<
|-bgcolor="#CCCCCC"
|align="center" | '''1990''' || align="center" | '''2000''' || align="center" | '''2007'''
Rigel 95:
[[Ofbyld:Andorra3.JPG|right|200px|thumb|Andorra]]
=== Befolking ===
Andorra hat in ynwennertal fan 84.082 ([[31 desimber]] [[2009]]).<ref>[http://www.estadistica.ad/serveiestudis/noticies/noticia311cat.pdf Dades de població any 2009: 1- Població per parròquies al 31 de desembre del 2009], Departament d'Estadística, Govern d'Andorra (sjoen op 18 novimber 2010).</ref> De Andorezen foarmje yn harren eigen lân in minderheid. Mar 33% fan de ynwenners hat de Andorese nasjonaliteit. Njonken Andorezen wenje der grutte mannichten Spanjerts (43%), [[Portegal|Portegezen]] (11%), Frânsen (7%) en oare nasjonaliteiten (6%).<ref name="factbook
De trochsneed leeftydsferwachting is 82,36 jier en heard dêrmei ta de heechsten fan de wrâld.<ref>[https://www.cia.gov/library/publications/the-world-factbook/fields/2102.html?countryName=Andorra&countryCode=an®ionCode=eu&#an CIA Factbook] (sjoen op 18 novimber 2010)</ref> De sûglingestjerte leit op 0,6%, de bernestjerte op 0,7%. 89% fan de befolking wennet yn stêden.
De befolkingsopbou sjocht der sa út:<ref name="factbook
* 0-14 jier: 15,5% (wêrfan manlik 6.710 en froulik 6.305)
|