Briefroman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat oars
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Template with Unicode control characters (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 2:
In '''briefroman''' is de namme foar in roman dy't hast hielendal of sels hielendal út optochte korrespondinsje tusken ferskillende figueren of út [[brief|brieven]] fan mar íén persoan bestiet.
 
It sjenre wie fral populêr yn de [[18e ieu]]. Honnear it krekt begûn is, witte wy net. As earste grut opsette briefroman soe ''Love-Letters between a Nobleman and his Sister'' (1684/85/87) fan [[Aphra Behn]] sjoen wurde kinne. It âldste literêre wurk dêr't it wis fan is dat it in briefroman is, is ''Cárcel de amor'' ("Kerker fan de leafde"; sa. 1485) fan [[Diego de San Pedro]]. Oare bekende iere brieveromans binne ''Lettres de Respect, d'Obligation et d' Amour‎Amour'' fan [[Edmé Boursault]] út 1669, en de ek yn 1669 troch [[Claude Barbin]] anonym publisearre ''[[Lettres portugaises]]''. Yn de skiednis fan de Ingelske literatuer wurdt [[James Howell]] as de grûnlizzer fan de briefroman sjoen.
 
Meast wurdt der ûnderskied makke tuske ferskillende soarten briefromans: briefromans dêr't de brieven fan íén briefskriuwer werjûn wurde, romans mei in briefwikseling tusken twa persoanaazjes en romans mei in briefwikseling tusken mear as twa persoanen. Yn gefal fan de lêste twa wurdt wol sprutsen fan '''briefwikselingsroman'''.