Elektra (toanielstik fan Sofoklês): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Headlines start with three "=" (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 2:
'''''Elektra''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἠλέκτρα''', '''''Ēlektra''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in [[trageedzje]] dy't net betize wurde moat mei in toanielstik mei deselde namme (''[[Elektra (Euripides)|Elektra]]'') fan in oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]]. Yn syn ''Elektra'' grypt Sofoklês werom op 'e âlde fertellings fan [[Homêros]] yn dy syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]''. It stik spilet in pear jier nei de ein fan 'e [[Trojaanske Oarloch]] en beskriuwt de wraak dy't [[Elektra (dochter fan Agamemnon)|Elektra]] en har broer [[Orestes (Grykske mytology)|Orestês]] nimme op harren mem [[Klytemnêstra]] en styfheit [[Aigisthos]] foar de moard op harren heit [[Agamemnon]]. Sofoklês skreau dit toanielstik wierskynlik yn it jier 413 f.Kr., en doe sil it ek opfierd wêze as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]], al is dat net alhiel dúdlik. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].
 
===Ynhâld===
 
====Wat foarôf gie====
As Agamemnon, de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan 'e [[Griken]], weromkeard fan syn oerwinning yn 'e [[Trojaanske Oarloch]], bringt er de [[Troje|Trojaanske]] prinsesse [[Kassandra]] mei, dy't er as [[konkubine]] nommen hat. Mar hy hat njoggen jier fan hûs west, en syn frou Klytemnêstra hat it ûnderwilens oanlein mei syn neef Aigisthos. Boppedat sint se noch altiten op wraak op Agamemnon, om't dy foar syn ôfreis harren dochter Ifigeneia oan 'e goaden [[minske-offer|offere hat]] om syn oerwinning yn 'e striid tsjin Troaje te bewissigjen. Dat, Agamemnon is mar kwealk wer thús, of hy wurdt fermoarde troch Klytemnêstra. Dy beseft dêrnei dat se har soan Orestês eins ek út 'e wei romje moat, sadat dy syn heit skielk net wreekje kin. Mar de jonge wurdt it paleis útsmokkele troch syn twillingsuster Elektra, dy't him nei kening Strofios fan [[Fokis]] tastjoerd, om oan dy syn hof grutbrocht te wurden.
 
====It toanielstik'''''====
''Elektra'' iepenet jierren letter, as Orestês mei syn freon Pûladês, de soan fan Strofios, en in pedagooch of priveelearaar yn Mysene arrivearret. Harren plan is om 'e learaar it boadskip yn it paleis oerbringe te litten dat Orestês omkommen is by in ûngemak mei in [[striidwein]], en dat twa manlju (yn it echt Orestês en Pûladês) mei koarten de urne mei syn jiske bringe sille.
 
Rigel 14:
Dan komme einlings Orestês en Pûladês oan, mei by harren de urne dêr't sabeare de jiske fan Orestês yn sit. Orestês ken Elektra net wer, noch sy him. Hy langet har de urne oer, en pas nei't se in klaachsang útsprekt, beseft er wa't se wêze moat. Dan fertelt er har wa't er sels is. Hja is alhiel oerémis dat er noch libbet, en yn harren opwining ferriede se Orestês syn wiere identiteit hast oan 'e oaren; mar de learaar rêdt de sitewaasje. Dan geane Orestês en Pûladês it paleis yn en deadzje Klytemnêstra. As Aigisthos thúskomt, slane se gau-gau in lekken oer har lyk hinne en beare, it is it lichem fan Orestês. Mar Aigisthos tilt it lekken op en ûntdekt dan wa't it wurklik is. Dêrop fertelt Orestês him wa't er is, en hy en Pûladês oermasterje Aigisthos. Se bringe him nei de iepen hurd ta om him dêr dea te dwaan, op krekt itselde plak dêr't Agamemnon ek fermoarde is. Sa einiget it toanielstik, foar't de eigentlike dea fan Aigisthos plakfynt.
 
===Eftergrûn===
It ferhaal fan Orestês syn wraak is ôfkomstich út it ferlern giene [[epos]] ''[[Nostoi]]'', en de foarfallen wurde teffens op 't aljemint brocht yn 'e ''[[Odyssee]]''. It wie in populêr ûnderwerp foar Aldgrykske toanielstikken, dat alle trije grutte [[Atene|Ateenske]] trageedzjeskriuwers, Sofoklês, [[Euripides]] en [[Aeschylus]], hawwe der in eigen stik oer makke, en al dy trije stikken binne ek noch oerlevere. Aeschylus syn werfertelling hjit fan ''[[De Offerplingsters]]'', en makket it middelste diel út fan 'e ''[[Oresteia]]''-trilogy. De stikken fan Sofoklês en Euripides hjitte beide ''Elektra'', mar Euripides syn ''[[Elektra (Euripides)|Elektra]]'' ferskilt withoefolle fan Sofoklês syn ferzje fan it ferhaal, ek al binne se om deselde tiid hinne skreaun.
 
===Fryske oersetting===
De Fryske oersetting fan ''Elektra'' ferskynde yn [[1991]]<ref>Kroes, Jan, ''Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske''.</ref> fan 'e hân fan klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e ''[[Ilias]]'' en de ''[[Odyssee]]''), dy't him dêrby basearre op 'e ferzje sa't dy yn 'e oarspronklike Grykske tekst werjûn is yn ''Electra'', fan J.H. Kells. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 35 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by [[Tresoar]] ûnder oanfraachnû. 091.246.