1 en 2 Keningen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Headlines start with three "=" (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 2:
'''''1 Keningen''''' en '''''2 Keningen''''' binne twa boeken fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]; yn it [[Alde Testamint]] falle se ûnder de ''Skiednis'' en as sadanich foarmje se it 11de en 12de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste ieu(wen) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e [[Hebrieusk]]e tekst nei it [[Gryksk]], en yn 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is '''''Keningen''''', yn it oarspronklike Hebrieusk: '''מלכים''', '''''Melaḵim''''', it 9de boek (fan 24) en falt it ûnder de ''Neḇi'im Rišonim'' (de "Eardere Profeten"). ''1 Keningen'' ferhellet fan it libben fan 'e keningen fan [[Israel (keninkryk)|Israel]] en [[Juda (keninkryk)|Juda]] fan [[Salomo fan Israel|Salomo]] oant en mei [[Achab fan Israel|Achab]]; ''2 Keningen'' behannelet alle fierdere keningen fan 'e beide lannen en einiget mei de ferwuostging fan Israel troch de [[Alde Assyriërs]] en Juda troch de [[Babyloaniërs]]. De boeken beslane dêrmei it tiidrek fan 970 oant 586 f.Kr., oftewol krapoan 400 jier. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in [[teology]]sk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei [[God]] ôfrekkene waarden (krekt as ''[[Jozua]]'', ''[[Rjochters]]'' en ''[[1 en 2 Samuël]]''). Neffens de joadske tradysje soe de profeet [[Jeremia (profeet)|Jeremia]] de [[skriuwer]] fan 'e boeken wêze, mar hjoed de dei is men fan tinken dat ''1 Keningen'' en ''2 Keningen'' eins besteane út teminsten twa tekstlagen, wêrfan't de ierste út 'e tiid fan 'e Judeeske kening [[Josjía fan Juda|Josjía]] (641-609 f.Kr.) datearret, wylst de twadde foarme wurdt troch in redigearring en bewurking út 'e midden fan 'e sechsde ieu f.Kr. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Keningen'' en ''2 Keningen'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
===Ynhâld===
{{Apart|List fan keningen fan Israel}}
{{Apart|List fan keningen fan Juda}}
Rigel 11:
It boek ''2 Keningen'' set útein mei in beskriuwing fan 'e himelfeart fan Elía en de ûnderskate wûnderdieden fan dy syn opfolger, de profeet [[Eliza (profeet)|Eliza]]. Dêrnei folget de beskriuwing fan in hiele rige minder bekende keningen fan Israel en Juda, wêrfan't eins mar ien derút springt, en dat [[Hizkía fan Juda|Hizkía]] (716-687 f.Kr.), de fjirtjinde kening fan Juda, dy't religieuze herfoarmings trochfiert en in [[Assyryske Ryk|Assyryske]] oanfal ôfslacht. Israel is dan al (yn 722 f.Kr.) ferslein troch de Assyriërs, dy't dêrnei [[Hosjéa fan Israel|Hosjéa]], de lêste Israelityske kening, yn it tichthús smite en wichtich part fan 'e befolking yn ballingskip fuortfiere. Israel is fan dy tiid ôf in Assyryske provinsje. Yn 586 f.Kr. treft Juda úteinlik in selde lot, as Jeruzalim ynnommen wurdt troch [[Nebûkadnêzar II]], de kening fan [[Nijbabyloanyske Ryk|Babyloanje]]. Hy lit [[Sedekía fan Juda|Sedekía]], de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere; Juda wurdt dan in ûnderdiel fan it Nijbabyloanyske Ryk.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'', û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan ''1 Keningen'' 10:1-13 en ''2 Keningen'' 20:1-12 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dêr't dy yn [[1943]] de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan sawol ''1 Keningen'' as ''2 Keningen'' waard dêrby dien troch dû. [[R. Bijl]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[Ulbe van Houten]].
 
===Sjoch ek===
* [[List fan keningen fan Israel]]
* [[List fan keningen fan Juda]]