Liudger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
stavering
Rigel 7:
In [[777]], yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn [[Dimter]]. Fan derút breide hy syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan it [[Fryske ryk]]. Oan it ein fan eltse simmer sylde hy fan [[Starum]] út nei [[Utert (stêd)|Utert]] om der ûnder de hjerstmoannen les te jaan oan de kleasterskoalle.
 
Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses boekt yn de noardlike kontreien. Liudger likernôch hie it grutte foardiel dat hy de [[Frysk]]e lânstaal spruts. Neffens de oerlevering hat de genezing fan de bline bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]], foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch [[Grinslân]] kaam Liudger de blydebline bard tsjin yn [[Helwerd]]. Hy besocht Bernlef ta it [[kristendom]] te bekearen. Bernlef soe derby tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop syn hannen op de eagen fan Bernlef en spruts in [[gebed]] út. Hjirnei koe de bline wer sjen. Dizze genezing soe dernei as in rinnend fjurke troch it lân fan de Friezen rûn gean.
 
Nei it delslein fan de opstân fan [[Unno]] en [[Eilrad]] yn Riustringen waard Liudger bellestebelêste mei it missywurk fan de eastlike Fryske gebieten en by de [[Saksen]] yn Mûnsterlân. Yn [[796]] stifte Liudger yn Mimigernaford, ([[Mûnster]]) in [[kanunniken]] [[kleaster]] oan de rivier de [[Roer]]. Om fan dit kleaster in sintrum fan beskaving en kennis te meitsjen, joech hy al syn besittingen oan it kleaster. Neitiid waard Liudger biskop fan Mûnster. Liudger ferstoar yn de âldens fan 67 jier.
 
== Boarne ==